Avon Publications

(Trochferwiisd fan Avon Impulse)

Avon Publications, of ek wol Avon Books, wie foarhinne in Amerikaanske útjouwerij fan fral paperbacks en stripboeken, fêstige yn New York. Sûnt 1999 is it in ymprint fan HarperCollins Publishers, dêr't benammentlik romantyske literatuer ûnder publisearre wurdt.

Avon Publications
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1941
oprjochter Joseph Meyers en
Edna Meyers Williams
eigner News Corp
mem HarperCollins Publishers
dochters sjoch ûnder ymprints
offisjele webside
www.avonromance.com

Avon Publications waard yn 1941 oprjochte troch de American News Corporation (ANC) as in konkurrint op 'e paperback-merk foar útjouwerij Pocket Books. Om it nije bedriuw op te setten en te lieden waarden útjouwer Joseph Meyers en dy syn suster Edna Meyers Williams oanlutsen. Om goedkeap oan in besteande ynfrastruktuer te kommen, kocht de ANC J.S. Ogilvie Publications op, in útjouwerij fan pulptydskriften dy't foar in diel eigendom wie fan 'e Meyers'. Dat bedriuw waard doe omneamd ta Avon Publications, en omfoarme ta in útjouwerij fan boeken.

Yn 'e earste jierren brocht Avon benammen horror, fantasy, science fiction en seksueel suggestive leafdesferhalen op 'e merk, wêrmei't in publyk oansprutsen waard dat net troch de mear literêre útjeften fan Pocket Books betsjinne waard. Fierders publisearre Avon ek ynkoarte ferzjes fan boeken, wêrûnder guons fan 'e ferneamde fantasy-auteurs H.P. Lovecraft en Robert E. Howard. Op syn letst fanôf 1945 waarden ek stripboeken útjûn, op 'e nij fral fan sjenres as horror, fantasy en science fiction, mar fierders ek westerns, romantyk, oarlochsferhalen en humoristyske ferhalen. De measte titels bestiene trouwens mar in pear útjeften lang.

Yn 1953 giene de boeken fan Avon oer de toanbank foar 25¢ oant 50¢, en waarden der jiers mear as 20 miljoen eksimplaren fan ferkocht. Om dyselde tiid hinne begûn Avon ek út te jaan ûnder oare ymprints, lykas Eton (1951-1953), Novel Library, Broadway en Diversety. Yn 1959 waard Avon oernommen troch de Hearst Corporation. Avon stie oan 'e widze fan it moderne romantyksjenre mei de publikaasje fan The Flame and the Flower, fan Kathleen Woodiwiss, yn 1972, dêr't 2.350.000 eksimplaren fan ferkocht waarden.

Yn 1999 waard de útjouwerijdifyzje fan 'e Hearst Corporation opkocht troch News Corp, dy't Avon yndielde by syn útjouwerij HarperCollins Publishers. Neitiid waarden de hardcover-edysjes yn 'e fûnskatalogus fan Avon, en de alle paperbacks dy't net ta it romantyksjenre hearden, ûnderbrocht by it susterbedriuw Morrow, sadat tsjintwurdich ûnder de Avon-ymprint fan HarperCollins inkeld noch romantyk útbrocht wurdt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.