BFI Filmfestival fan Londen

(Trochferwiisd fan BFI-Filmfestival fan Londen)

It BFI Filmfestival fan Londen (Ingelsk: BFI London Film Festival) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Britske haadstêd Londen. It evenemint bestiet sûnt 1957. It duorret twa wiken en der wurde elts jier mear as 300 lange films, koarte films en dokumintêres fertoand, út likernôch 50 ûnderskate lannen en territoaria. It filmfestival wurdt organisearre y.g.m. it Britsk Filmynstitút (BFI).

BFI Filmfestival fan Londen
BFI London Film Festival
plak en tiid
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Ingelân
regio Grut-Londen
plak Londen
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
soarte evenemint filmfestival
bestean 1957 – no
oprjochter James Quinn
org. troch Britsk Filmynstitút (BFI)
offisjele webside
bfi.org.uk/

It idee om yn Londen in filmfestival te organisearjen, waard foar it earst oppenearre by in diner dat yn 1953 thús by filmkritikus Dilys Powell fan 'e krante The Sunday Times holden waard. Bestjoerder James Quinn wie dêr oanwêzich en makke wurk fan 'e noasje. It duorre in stikmannich jierren om alle hannen foar sa'n weromkearend evenemint opinoar te krijen, mar fan 16 oant en mei 26 oktober 1957 fûn it earste Filmfestival fan Londen, sa't it doe noch hiet, plak yn it National Film Theatre, in bioskoop dy't no BFI Southbank hjir. Dêrby waarden in tweintichtal films fertoand, wêrûnder wurken fan Ingmar Bergman, Federico Fellini, Elia Kazan, Akira Kurosawa, Satyajit Ray en Andrzej Wajda.

Derek Malcolm, in filmkritikus fan The Guardian dy't yn 1984 direkteur fan it Filmfestival fan Londen waard, yntrodusearre dêr de 'ferrassingsfilm' (surprise film). Dat is de fertoaning fan in film wêrfan't de titel foarôf geheim holden wurdt. As ferrassingsfilms hawwe û.o. tsjinne: A Chorus Line (1985), Silver Linings Playbook (2012), Sully (2016) en Green Book (2018). Yn 2003 waard de namme fan it evenemint omneamd ta BFI Filmfestival fan Londen, om 'e almar iniger bân tusken it filmfestival fan it Britsk Filmynstitút (BFI) wer te jaan.

De folgjende prizen wurde op it BFI Filmfestival fan Londen útrikt:

en sûnt 2009:

  • Priis foar de Bêste Film
  • Priis foar de Bêste Britske Nijynkommeling
  • ien of mear BFI Fellowships, in soarte fan earelidmaatskip fan it BFI, dat as oeuvrepriis sjoen wurde kin

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.