Baalbek
Baalbek of Balabakk is in stêd yn Libanon. De namme hâldt yn "Baäl en Bekaa". De stêd leit yn de Bekafallei, tusken de rivieren Litany en Orontes yn it distrikt mei deselde namme Baalbek. De stêd is benammen bekend fanwege har Romeinske ruïnes.
Baalbek بعلبك | ||
Ruïne fan de timpel fan Jupiter | ||
Bestjoer | ||
Lân | Libanon | |
Gûvernemint | Bekaa | |
Distrikt | Baalbek | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 82.608 (2008) | |
Oerflak | 7 km² | |
Stêdekloft | 105.000 | |
Hichte | 1170 m | |
Oar | ||
Tiidsône | EET (UTC+2) | |
Simmertiid | (UTC+3) |
Skiednis
bewurkje seksjeDe stêd waard oarspronklik boud troch de Foenysjers en stie yn de hellenistyske tiid bekend as Heliopolis. De god Baäl wie - lykas Helios- ûnder mear de god fan de sinne.
De bloeitiid fan Baalbek begûn yn 15 f.Kr. doe't de stêd provinsjehaadstêd waard ûnder de princeps Augustus. Baalbek wie ûnder de Romeinen in wichtich religieus sintrum. De timpel wijd oan Jupiter luts earder alle jierren tûzenen besikers. Utsein de timpel foar Jupiter wie der in timpel foar Bacchus- en ien foar Fenus. De Romeinske gebouwen wienen oplutsen op âlden ruïnes.
De stêd hat yn de rin fan de skiednis in protte te leiken hân troch oarloggen en natoerrampen. Yn 635 waard Baalbek troch de Arabieren ferovere. De Omajjaden hawwe de stêd yn 748 ferwoaste. In grutte ierdskodding yn 1759 hat in protte skea oanbrocht.
Under de Israelysk-Libaneeske krisis fan 2006 waard de stêd troch it Israelyske leger swier bombardearre omdat er neffens harren Hezbollahstriders sieten.
Yn 1984 waarden de ferskillende ruïnes fan Baalbek troch UNESCO ta Wrâlderfgoedbesit ferklearre.
Moderne stêd
bewurkje seksjeYn 1981, it jier fan de lêste folkstelling hie de stêd 50.000 ynwenners. Oant en mei de Libanese Boargerkriich wie de stêd troch in spoarline ferbûn mei Damaskus en Beiroet.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) Koarte beskriuwing by UNESCO (Ingelsk)
- (in) ] Wiidweidige beskriuwing by UNESCO (Engels) fia Internet Archive.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Baalbek fan Wikimedia Commons. |