Menamer Feart
(Trochferwiisd fan Ballens)
De Menamer Feart is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart wurdt ek wol de 'Ballens' neamd en rint besuden Menaam nei it easten ûnder de A31 troch. Op dat punt bûcht it wetter ôf nei it suden en komt foar Deinum oer út yn it Van Harinxmakanaal.
De namme Menamer Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Menaldumervaart.
De Ballens waard foar 15 maart 2007 Ballensvaart neamd.