Bankberôving

(Trochferwiisd fan Bankberôver)

In bankberôving of bankrôverij, soms ek bankrôf neamd, is in gefal fan dieverij wêrby't stellen wurdt fan in bank. It is oeral op 'e wrâld in misdriuw, dêr't almeast swiere finzenisstraffen op steane. Histoarysk waarden bankberôvings útfierd troch ien of mear bankrôvers, dy't faak maskere wiene om werkenning foar te kommen. Sokken krongen it bankgebou binnen en twongen de bankemployees ûnder bedriging mei geweld of troch it eigentlike gebrûk fan geweld om it jild oer te langjen dat it oangeande bankfiliaal yn kas hie. In oare foarm fan bankberôving dy't histoarysk wol foarkaam, wie troch nei slutingstiid in bankgebou yn te kringen troch it gebrûk fan springstof of troch út in oanbuorjend gebou wei in tunnel te graven. By alle metoaden wie it de bedoeling fan 'e bankrôvers om út te piken mei de bút ear't de plysje arrivearre. Soms slagge dat net, en dan waarden bankpersoniel en tafallich oanwêzige klanten gauris yn gizeling nommen om in frije ôftocht ôf te twingen. Tsjintwurdich hawwe de measte banken safolle befeiligingsmaatregels nommen dat sokke berôvings mar amper mear kâns fan slagjen meitsje. Ynstee is no elektroanyske bankberôving in grutter probleem.

Bonnie Parker en Clyde Barrow binne guon fan 'e bekendste bankrôvers út 'e skiednis.

As ferskynsel bestiet bankrôverij al salang't it bankwêzen as ynstitút bestiet. It naam lykwols yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw en de earste helte fan 'e tweintichste iuw in grutte flecht yn 'e Feriene Steaten. Yn it Wylde Westen wiene û.o. de James-Younger-binde en de Dalton-binde aktyf op it mêd fan bankberôvings. Under de Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren folge in nije rite mei in soad bankberôvings yn 'e Feriene Steaten. Guon fan 'e bekendste dieders út dy snuorje wiene de Dillinger-binde, Bonnie Parker en Clyde Barrow (Bonnie en Clyde), en Machine Gun Kelly. De earste (mislearre) bankberôving yn Nederlân fûn yn 1916 plak yn it Grinslânske Wynskoat.

Under de Dútske besetting fan Nederlân yn 'e Twadde Wrâldoarloch fûn de grutste bankberôving út 'e Nederlânske skiednis plak doe't it ferset op 15 novimber 1944 in oerfal die op it kantoar fan De Nederlandsche Bank yn Almelo. Der waard doe 46 miljoen gûne bútmakke. De grutste bankfraude út 'e Nederlânske skiednis kaam ek op it konto fan it ferset, dat yn 'e rin fan 1944 en 1945 51 miljoen gûne bútmakke, lange tiid sûnder dat de nazys der erch yn hiene. Ferantwurdlik foar dat súkses wie Walraven van Hall, de "bankier fan it ferset", dy't lykwols troch de Dútsers eksekutearre waard.

De earste bankberôving yn Nederlân nei de Twadde Wrâldoarloch waard dien yn 1965. De dieders kamen út Frankryk en naaiden út mei in bút fan 800.000 gûne. Neitiid naam it tal bankberôvings fluch ta; seis jier letter, yn 1971, waarden der al 58 bankberôvings yn Nederlân teld. Ien fan 'e lêste grutte bankberôvings yn Nederlân wie it leegjen fan 'e opslachklûskes fan klanten by in bank yn Oudenbosch yn maart 2018. De grutste bankberôving ea waard yn 2003 yn Irak dien troch Kûsay Hoessein, in soan fan presidint Saddam Hoessein, dy't luttele oeren foarôfgeande oan 'e Amerikaanske ynfal dy't de ein fan it rezjym fan syn heit betsjutte soe, 900 miljoen by de Sintrale Bank fan Irak yn Bagdad ophelle en yn trije grutte frachweinen ôffiere liet.

Befeiligingsmaatregels

bewurkje seksje

Moderne banken hawwe in breed skala oan befeiligingsmaatregels ynfierd. Behalven de bewapene befeiligingslju dy't foarhinne ek al bestiene, kin men dan tinke oan:

  • befeilingingskamera's dy't net inkeld bylden yn hege resolúsje en kleur opnimme, mar ek noch bewegingsgefoelich binne;
  • klûzen dy't tarist binne mei in tiidslot dat foarkomt dat se earder as de stelde tiid iepene wurde kinne;
  • stille alaarms, dy't inkeld by de helptsjinsten waarnommen wurde kinne, mar net yn 'e bank sels (sadat de bankberôvers nea witte oft der al alaarm slein is);
  • fervepakketten (dye packs), dy't ûntploffe as in jildkas op 'e ferkearde wize iepene wurdt en dêrby it oanwêzige jild en de bankberôver sels besmodzgje mei ûnútwiskbere ferve;
  • GPS-trackers dy't by it jild yn sitte, sadat eventuële bankberôvers maklik opspoard wurde kinne.

Elektroanyske bankberôving

bewurkje seksje

Troch de almar better wurdende befeiligingsmaatregels oan 'e iene kant en de tanimmende populariteit fan elektroanysk beteljen (mei as gefolch dat banken minder kontant jild yn kas hawwe) oan 'e oare kant, is de 'tradisjonele' wize fan bankberôvjen foar kriminelen minder ynteressant wurden. Berôvers hawwe dêrop reägearre troch har oan te passen. Sa wurde der tsjintwurdich mear winkels en tankstasjons en minder banken oerfallen. Fierders kinne plofkreaken fan pinautomaten sjoen wurde as in moderne foarm fan 'e 'tradisjonele' bankberôving.

Mar sûnt de opkomst fan it ynternetbankierjen is ek in folslein nije foarm fan bankberôving yn opkomst: de elektroanyske bankberôving. De rôvers kinne dêrby op twa manearen te wurk gean: se kinne op slûchslimme wize besykje en ûntfytmanje klanten fan 'e bank troch phishing harren ynlochgegevens, of se kinne it kompjûtersysteem fan 'e bank sels hacke. In grut foardiel foar de dieven is dat se har dêrby net yn 'e buert fan 'e bank hoege te bejaan, en sels oan 'e oare kant fan 'e wrâld wêze kinne. Yn 2010 wie bgl. ABN AMRO it slachtoffer fan in elektroanyske bankberôving troch it hacken fan it kompjûtersysteem, wêrby't de dieven €5,6 miljoen bútmakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.