Baptistetsjerke 'De Schutse'
De Baptistetsjerke 'De Schutse' oan de Schutstraat is de eardere synagoge fan it Drintske Hoogeveen.
Baptistetsjerke 'De Schutse' | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Hoogeveen | |
adres | Schutstraat 147 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1865 | |
boustyl | Neoklassisisme | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 22258 (tsjerke) [1] | |
offisjele webside | ||
Side fan 'De Schutse' |
Skiednis
bewurkje seksjeOp it plak waard yn 1799 in synagoge boud, dy't yn 1865-1866 ferfongen waard troch in neoklassisistyske nijbou. De joadske mienskip fan Hoogeveen waard yn de Twadde Wrâldkriich hast folslein oppakt en nei kampen deportearre. De Dútsers plonderden en skeinden it gebou yn febrewaris 1944.
Yn 1948 waard it gebou ferkocht oan de Grifformearde Tsjerke frijmakke en it krige doe de namme 'Schutsstraatkerk'. De frijmakke grifformearden feroaren it ynterieur en lieten in oargel bouwe. It gebou ûndergyng yn 1983-1984 in restauraasje. Tagelyk waard it ynterieur mei respekt foar de joadske oarsprong fan it gebou rekonstruearre. By de rekonstruksje wie der in soad omtinken foar de kreake, preekstoel en it oargelbalkon. De kreake is fersierd mei sân joadske en kristlike symboalen, wylst it oargelbalkon fersierd is mei fiif tekstpanelen.
Op 14 septimber 1996 waard it tsjerkegebou yn 1996 yn gebrûk nommen troch de baptistegemeente, dy't it gebou de namme 'De Schutse' joech. It is ien fan de trije baptistegemeenten fan Hoogeveen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|