Bartlehiemtocht
De Bartlehiemtocht is in skeelertocht en reedriderstocht, dy't foar de earste kear holden waard yn 1988. De skeelertocht is 100 kilometer lang en stiet bekend as de swierste en langste skeelerwedstryd yn Nederlân en waard leafst acht kear wûn troch Erik Hulzebosch. De reedriderstocht wurdt organisearre troch de Ferwerter iisklup en giet oer 12 km, 30 km en 50 km. De startplakken binne Ferwert, Hallum, Burdaard, Dokkum en Bartlehiem en de rûte giet û.o. oer de Dokkumer Ie.
De toertocht oer it iis waard hâlden op 8 febrewaris 2012 en dêrfoar foar it lêst yn 1997. Yn 2012 wie de opkomst oerweldigjend mei goed 3.000 dielnimmers.