Bari (stêd)
Bari is in havenstêd oan de Adriatyske See. It leit yn it noardwesten fan de 'hakke' fan de Lears fan Itaalje. Bari is de haadstêd fan de provinsje provinsje mei deselde namme en fan de regio Apulje. De stêd telt om-ende-by 328.458 ynwenners.
Bari is in wichtich havenplak. Fanút de haven farre geregeld feartsjinsten nei Durrës yn Albaanje, en nei oare stêden lykas Dubrovnik yn Kroaasje en Bar yn Montenegro.
Eartiids lei Bari yn de ynfloedssfear fan de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje. Letter makke it as Barium part út fan it Romeinske ryk en troch de iuwen hinne hie it mei ferskate oerhearskers te krijen, krektas Goaten, Noarmannen en yn de 9e iuw mei Arabieren. Yn tsjinstelling ta Malta en Sisylje lei Bari net oan de wichtichste seerûtes fan de Middellânske See.

Yn de Basilyk fan Sint-Nikolaas te Bari wurden it stoflik omskot fan Sint Nikolaas bewarre, de biskop fan Myra. De hillige Nikolaas is beskermhillige fan de stêd.
Fierders is Bari in universiteitsstêd en beskikt it oer in histoarysk museum.