Basis Scott
De Basis Scott (Ingelsk: Scott Base) is in Nijseelânsk ûndersyksstasjon op Antarktika, dat de namme draacht fan 'e ferneamde Britske ûntdekkingsreizger Robert Falcon Scott. De basis leit op Pram Point, op it eilân Ross, oan 'e Strjitte fan Haskell, deunby de berch de Erebus. Dat is yn it Ross-ôfhinklikheidsgebiet, de Nijseelânske gebietsoanspraak op Antarktika. De Basis Scott waard yn 1957 opset en wie yn 't earstoan benammen oan geologyske stúdzjes wijd. Tsjintwurdich wurdt der wittenskiplik ûndersyk ferrjochte op alderhanne mêd.
Basis Scott Scott Base | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nij-Seelân | |
Gebietsoanspraak | Ross-ôfh.gebiet | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 85 (simmerdeis) 12 (winterdeis) | |
Hichte | 10 m | |
Oar | ||
Stifting | 1957 | |
Tiidsône | UTC +12 | |
Simmertiid | UTC +13 | |
Koördinaten | 77°50′57″S 166°46′06″E | |
Offisjele webside | ||
antarcticanz.govt.nz/scott-base | ||
Kaart | ||
De lizzing fan 'e Basis Scott op Antarktika.
|
Skiednis
bewurkje seksjeDe Basis Scott kaam oarspronklik fuort út 'e Britske partikuliere Trans-Antarktyske Ekspedysje fan it Gemienebêst (TAE). It regear fan Nij-Seelân waard frege om dy ûndernimming te stypjen en teffens mei te dwaan oan it Yntenasjonale Geofysyske Jier (IGY) 1957, wêrfan't fiif leden oan 'e ekspedysje tafoege wiene. Sadwaande waard yn febrewaris 1956 úteinset mei it ûntwerpen fan in tydlike Nijseelânske basis op Antarktika, in projekt dat útfierd waard troch Frank Ponder, in arsjitekt dy't wurksum wie by it Nijseelânske Ministearje fan Publike Wurken. Ponder syn ûntwerp bestie út seis haad- en trije lytsere bygebouwen, dy't teminsten 7 m útinoar stean moasten, om yn gefal fan brân foar te kommen dat se allegear flam fetsje soene. De gebouwen waarden mei-inoar ferbûn troch oerdutsen izerne rinpaden.
Earder al, yn 'e simmer fan 1955, wiene trije Nijseelânske waarnimmers nei Antarktika ôfreizge om in gaadlik plak foar de basis te sykjen. Yn 't earstoan keazen dy in lokaasje op Butter Point út, mar letter waard foar Pram Point keazen om't skippen dêr tichter by yn 'e buert komme koene, wat fan belang wie foar de befoarrieding fan 'e basis, benammen yn it stadium fan 'e bou. Boppedat wie dêr deunby in iisfjild dêr't fleantugen lânje en opstige koene. De basis waard sadwaande frij deunby it Stasjon McMurdo oanlein, dat ien fan 'e wichtichste Amerikaanske bases op Antarktika is.
Nei ôfrin fan 'e TAE kaam de basis op 5 maart 1958 yn eigendom fan it Nijseelânske regear, dat besleat om der in permanint ûndersyksstasjon fan te meitsjen. De reden dêrfoar wie dat in protte ûndersyk op Antarktika inkeld fan wearde is as de registrearre gegevens oer langere tiid ferlike wurde kinne. Om't de basis nea boud wie om as permaninte húsfêsting te tsjinjen, waard yn 1976 úteinset mei in werbouprogramma, dat ferskate jierren duorre. Yn 2005 waard it twa ferdjippings hege Hillary Field Centre iepene troch de doetiidske Nijseelânske minister fan Bûtenlânske Saken Phil Goff en berchbeklimmer en ûntdekkingsreizger sir Edmund Hillary, nei wa't it ferneamd waard. Dêrtroch waard 1.800 m² flierromte oan 'e basis tafoege, sadat fjildwurkers eigen kantoaren krije koene.
Tsjin 2008 wie it iennichste oarspronklike diel fan 'e basis de saneamde A Hut. Yn 2012 waard dy dêrom oantsjutten as in offisjeel histoarysk monumint, nei't it Nijseelânske regear in foarstel dêrta yntsjinne hie op 'e Riedjaande Gearkomste fan it Antarktysk Ferdrach. Fan 1957 oant 1986 waard foar de deistige gong fan saken op 'e Basis Scott gebrûk makke fan slidehûnen. Yn 't earstoan beaen de hûnen in foarm fan transport dy't fan essinsjeel belang wie, mar neigeraden dat der bettere technology foarhâns kaam (lykas sniescooters), rekke se efter de tiid, sadat it Nijseelânske regear se úteinlik hielendal fuorthelje koe, yn oerienkomst mei ynternasjonale ôfspraken om it miljeu fan Antarktika safolle mooglik frij te hâlden fan eksoaten.
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksjeHjoed de dei bestiet de Basis Scott út in samling pastelgriene gebouwen dy't mei-inoar yn ferbân steane fia oerdutsen min-waarskorridôrs. De gebouwen kinne yn totaal 85 minsken húsfêstje, in oantal dat allinnich simmerdeis helle wurdt. By 't winter bliuwt der inkeld in stêf fan 'oppassers' efter fan tusken de tsien en fjirtjin minsken. Krekt as de deunby leine Amerikaanske basis Stasjon McMurdo en it Italjaanske Stasjon Zucchelli, oan 'e Terra Nova-baai, wurdt de Basis Scott mei it wrâldwide tillefoannetwurk ferbûn troch in satellytstasjon fan Spark New Zealand, dat op 3 km ôfstân op Arrival Heights stiet. De Basis Scott wurdt hjoed de dei rund troch Antarctica New Zealand, in ynstitút dat yn 1996 troch it Nijseelânske regear oprjochte is om 'e Nijseelânske belangen op Antarktika te behertigjen. Yn 2009 binne der trije Enercon E-33-wynmûnen fan 330 kW elk ynstallearre om sawol de Basis Scott as it Stasjon McMurdo fan enerzjy te foarsjen. Dêrtroch is it diselferbrûk mei 11% of 463.000 liter jiers omleech gien.
Klimaat
bewurkje seksjeDe Basis Scott hat in poalklimaat dat karakteristyk is foar de Antarktyske kust, mei iiskâlde simmers en noch nammenste kâldere winters. Om't de basis op it súdlik healrûn leit, binne desimber en jannewaris de waarmste simmermoannen, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan –1,2 °C (nachts –7,9 °C). De kâldste moanne is augustus, mei in trochsneed temperatuer oerdeis fan –23,4 °C (nachts –36,6 °C). Minimumtemperatueren lizze winterdeis om 'e –45 °C hinne, wylst de maksimumtemperatueren by 't simmer mar komselden boppe it friespunt útkomme. Rekôrtemperatueren wiene 6,8 °C en –57 °C. Troch syn lizzing stiet de Basis Scott bleat oan 'e folle krêft fan sniestoarms út it binnenlân fan Antarktika, hoewol't it der al mei al minder wynderich is as by it Stasjon McMurdo.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|