Beabuorster Opfeart
De Beabuorster Opfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De Opfeart rint fan Beabuorren nei de Makkumer Feart by de ôfslach fan de A7 nei it yndustryterrein De Marne fan Boalsert.
In opfeart is de beneaming foar in kanaal dat min ofte mear heaks op in oar kanaal stiet. De namme wurdt benammen yn Fryslân en Grinslân brûkt. In opfeart wurdt ek wol skipsleat, skipfeart of brânsleat neamd.
Opfearten binne foaral oanlein om de fruchtbere terpgrûn of turf ferfiere te kinnen.
De namme Beabuorster Opfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Babuursteropvaart.