Beafeartstsjerke Mater Dolorosa (Driesch)
De Mater Dolorosatsjerke is in beafeartstsjerke yn Driesch by Lutzerath yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De tsjerke waard yn 'e 15e iuw boud en is hjoed-de-dei in bescherme monumint.
Beafeartstsjerke Mater Dolorosa
Wallfahrtskirche Mater Dolorosa | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
plak | Lutzerath-Driesch | |
koördinaten | 50° 7' N 7° 1' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Trier | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1478-1497 | |
boustyl | gotyk | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeOm 1400 hinne stie yn Driesch in lytse kapel, dêr't in Madonna fereare waard. Yn 'e twadde helte fan 'e 15e iuw waard mei help fan jeften in oan Marije fan Smerten wijde beafeartstsjerke boud. Paus Sikstus IV joech yn it jier 1478 in ôflaat oan minsken, dy't in beafeart nei Driesch makken. It genedebyld fan 'e Mem Gods krige yn in nis oan 'e súdlike muorre fan it koer in nij plak. De toer en it skip waarden by in brân yn 1687 ferneatige en yn 1691 wer restaurearre. Yn 'e jierren 1971-1972 waard de tsjerke yngreven restaurearre.
Arsjitektuer
bewurkje seksjeDe tsjerke is in twaskippige halletsjerke en is tusken 1478 en 1497 yn letgoatyske styl boud. In slútstien yn it koer draacht it jiertal 1478. Meiïnoar binne der fjirtjin bysûndere slútstiennen mei û.o. wapens fan 'e stifters fan 'e tsjerke. It westlike portaal stamt út 1868.
Ynterieur
bewurkje seksje- It heechalter út 1672 is yn 'e styl fan 'e boerebarok en boud troch de Bartolomäus Hammes út Alflen, dy't dêr 30 jier lang oan wurke. Yn it heechalter binne houtreliëfs fike dy't it lijen fan Kristus foarstelle. It alter wie der yn 1941 min oan ta en it waard oantaast troch houtwjirm en yn in grize kleur oerskildere. It hielendal fan hout makke alter waard doe restaurearre troch Karl Port út Münstermaifeld.[1]
- De 15e-iuwske piëta is in lytse piëta wêrfan't net bekend is wa't dy makke hat.
- De tsjerke krige yn 1496 in klok, dy't ek hjoed-de-dei noch yn 'e toer hinget.
Oargel
bewurkje seksjeDe oargelkreake datearret fan 1750. It oargel waard yn 1757 troch Theodor Claus út Cochem boud.
Krúswei
bewurkje seksjeOan 'e noardlike kant foarmet in poarte de tagong ta in út 1755 datearjende krúswei fan reade sânstien, wêrfan't de staasjes yn 1987 foar it lêst restaurearre waard.
Ofbylden
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder Beafeartstsjerke Mater Dolorosa, Driesch.
|