Beampiper
De beampiper (Anthus trivialis) is in sjongfûgel út de famylje fan de wipsturt- en piperfûgels.
beampiper | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Anthus trivialis | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel wintergast trochtrekker |
Oare Fryske nammen
bewurkje seksjeDe beampiper wurdt ek wol boskpiper, houtljurk of kantljurk neamd.
Foarkommen
bewurkje seksjeDe beampiper is yn fûgeltsje fan 15 sm d.w.s. sa grut as in (hús)mosk, mar slanker. Lykas oare pipers, sa as de piipljurk en de wetterpiper, hat de beampiper in streekte, grienbrune rêch. De kop hat in ljochte eachstreek. De boarst is gieleftig streekt en de bûk is fealwyt. Ûnderskied mei oare pipers, yn 't bysûnder de piipljurk, is dreech.
Fersprieding
bewurkje seksjeDe beampipers komme foar yn healiepen bosk- en heide- en dúngebieten. De fûgels briede yn hiel Jeropa, utsein Yslân, Ierlân en de súdlike dielen fan de Middellânske-Seelânnen (Spanje, Itaalje, Grykelân ens.), en ek in West- en Sintraal-Aazje. Se oerwinterje yn tropysk Afrika en Yndia.
Yn Nederlân is de beampiper in algemiene briedfûgel en trochtrekker, en de oantallen nimme stadich ta: yn 2018-2020 wiene der 44.000-72.000 briedpearen, mei de heechste konsentraasjes yn Drinte en de Feluwe. In Fryslân binne der in pear tûzen briedpearen, de measte yn de Wâlden. De fûgel stiet net op de Nederlânske Reade list fan fûgels.
Iten
bewurkje seksjeDe beampipers ite meast ynsekten en spinnen, yn de winter ek wol slakken en sieden.
Fuortplanting
bewurkje seksjeIt beampiper-wyfke makket in nêst fan gers en moas yn in kûltsje op de grûn ferside tusken de begroeiing. Yn it nêst leit it wyfke 4-6 aaien fan ferskate kleuren. Sy briedt de aaien yn 12-14 dagen út, wêrnei't de jonge fûgels noch 11-14 dagen yn it nêst troch beide âlden fuorre wurde. Lykas it piipljurknest is ek it beampipernest in favoryt plak fan de koekoek om har aaien te lizzen.
Taksonomy
bewurkje seksjeDe beampipersoarte hat twa ûndersoarten:
- Anthus trivialis trivialis: Jeropa oant sintraal-Aazje
- Anthus trivialis haringtoni : Kasjmier