Beare-eilân

(Trochferwiisd fan Beareneilân)

Beare-eilân (Noarsk: Bjørnøya) is in eilân dat sa'n bytsje healwei Spitsbergen en de Noardkaap leit. Bestjoerlik heard it ta Spitsbergen. Beare-eilân mei net betiisd wurde mei de Russyske Beare-eilannen.

Lokaasje beare-eilân
Beareneilân
 
Hege kliffen fan Beare-eilân

It eilân hat in trijehoekige foarm. De ôfstân fan noard nei súd is likernôch 20 km, de grutste breedte fan east nei west is sa'n 15 km, it oerflak is 178 km², dat is rom twa kear de grutte fan Skylge. Hast it hiele eilân, mei de wetters rûnom, is natuerreservaat. Allinne in stikje om it waarstasjon yn Herwighamma falt dêrbûten.

It súdlik part fan it eilân is bercheftich. De heechste top, Miseryfjellet, is 536 meter. It noardlike twatredde part is leechlân. Dêr binne ek in stikmannich marren. Op Beare-eilân komme gjin gletsjers foar.

De kust is yn 't generaal wat steil mei hege kliffen. Op in pear plakken binne sânstrannen. Herwighamna hat in lytse haven.

It eilân hat in myld poalklimaat, om't de waarme Golfstream him dêr noch jilde lit, mei winterdeis relatyf mylde temperatueren. Jannewaris is de kâldste moanne mei in gemiddelde temperatuer fan -7,9 °C. July en augustus binne it waarmst mei in gemiddelde temperatuer fan 4,4 en 4,5 °C. Mei gemiddeld 350 mm delslach yn 't jier mei Bereneiland in drûch gebiet hjitte.

De poalnacht begjint op 8 novimber en duorret oant 3 febrewaris. De middernachtsinne skynt fan 2 maaie oant 11 augustus.

Floara en fauna

bewurkje seksje

Beare-eilân is frijwat keal. Der is hast gjin plantegroei, wol wat moasen en gerssoarten, mar gjin beammen of strûken.

De iisbear hat it elân syn namme oan te tankjen, mar it rôfdier is der gjin fêste bewenner. Yn de winter komme dêr wol iisbearen út it noarden wei, fan Spitsbergen. It ienige oare lânsûchdier dat men der fine kin is de poalfoks. Yn de wetters om it eilân libje ferskate soarten seehûnen. De walrus is tsjintwurdich tige seldsum. De fierdere fauna bestiet út fûgels.

 
Miseryfjellet, de heechste berch fan Beare-eilân, 536 meter.
 
Oerbliuwsels fan de walfiskfeart op Kvalrossbukta (Walfiskbaai) yn it súdeasten
 
Poalfoks.

Der wurdt wol tocht dat de Wytsingen al op it eilân west hawwe, mar der is gjin bewiis. De earste beskriuwing fan Beare-eilân is fan Willem Barentsz, dy't dêr wie op syn tredde ekspedysje yn 1596.
Yn de neifolgjende iuwen is it eilân wol brûkt as stasjon foar de walfiskfeart, mar der ûntstie gjin permaninte bewenning. Oant 1971 waard der aaisocht yn de seefûgelkoloanjes. Fan begjin 17e iuw ôf tsjinne it eilân fral as basis foar de jacht op walrussen en oare sehûnesoarten.[1]

De strategyske wearde fan Beare-eilân waard dúdlik yn it lêst fan de 19e iuw doe't tsaristysk Ruslân en keizerlik Dútslân harren ynteresse sjen lieten yn de Barents See.

Fan 1916 oant 1925 waard er stienkoal wûn yn in lytse delsetting mei de namme Tunheim op de noardeastlike kust. Dêr waard mei ophâlden doe't it te min opsmiet. Der binne noch goed bewarre spoaren fan werom te finen, ûnder oaren in stoomlokomotyf.
It hiele eilân wie fan 1918 oant 1932 eigendom fan mynbou-ûndernimming Bjørnøen AS; doe naam de Noardske steat de oandielen oer. Bjørnøen AS bestiet no noch as steatsbedriuw en hat itselde management as Kings Bay AS, it bedriuw dat de minen fan Ny-Ålesund op Spitsbergen eksploitearret.[2] Sûnt 1919 is der in Noarsk radiostasjon(Bjørnøya Radio festige yn Herwighamna. It waard letter útwreide út reden fan de oprjochting fan it meteorologysk stasjon..

Yn it Spitsbergen-ferdrach (1920) waard Beareneiland neamd as part fan Spitsbergen en kaam it oan Noarwegen.

Omdat de skipsrûtes fan de Atlantyske Oseaan nei de havens oan de Wite See troch de Barentssee rinne, wie Beare-eilân fan grut strategysk belang yn de Twadde Wrâldkriich (WO II) en ek yn de Kâlde Oarloch. De Dútsers hiene yn WO II bemanne waarstasjons op Spitsbergen, mar beheinden harren ta in automatysk radiostasjon op Beare-eilân yn 1941. De Dútske marine hat ferskate konvoaien op wei nei Moermansk oanfallen yn de omkriten fan Beare-eilân en brochten dy swiere ferliezen ta. Lykwols wienen hja net sa súksesfol yn de Slach yn de Barentssee op Nijjiersdei 1942. Súdeastlik fan it eilân hat yn 1943 mear fjochterij tusken oarlochsskippen west.

De iennige bewenners binne it personiel fan it Noarske waarstasjon yn Herwighamna. By it stasjon is in lanningsplak foar helikopters fan de Noarske kustwacht.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Circumpolar Seabird Working Group 2001PDF: Seabird harvest regimes in the circumpolar nations
  2. Norwegian Ministry of Trade and Industry, 2005. The State's Ownership Report 2004 PDF, February 27 2006