Bearzerûchplanten (skaai)

De bearzerûchplanten (wittenskiplike namme: Potamogeton) binne in skaai fan wetterplanten. Se wurde ek wol bearzekrûden, bearzerûch, bearzekrûd, bearskekrûd, bearzeflaaks, bearzeflaach of bearzewier neamd. De blêden kinne op it wetter driuwe of ûnder it wetteroerflak sweve. De blommen sitte yn griene ierkes dy't boppe it wetteroerflak útstekke.

bearzerûchplanten
Breed bearzerûch (Potamogeton perfoliatus).
Breed bearzerûch (Potamogeton perfoliatus).
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): iensiedblêdigen
(sûnder rang): alismatiden
skift: snoekeblêdeftigen
   (Alismatales)
famylje: bearzerûchplanten
   (Potamogetonaceae)
ûnderfamylje: bearzerûchplanten
   (Potamogetonaceae)
skaai: bearzerûchplanten
   (Potamogeton)
Linnaeus, 1753

Ta it skaai Potamogeton wurde yn elts gefal de breedblêdige farianten rekkene. De gersblêdige farianten wurde resintelik ek wol ûnderbrocht yn it geslacht Stuckenia.

Yn Nederlân

bewurkje seksje

Yn de Feluwerânemarren koe it Bearzerûch him ûntjaan nei it biologysk ferbetterjen dat yn de njoggentiger jierren begûn. It krânswier die it ek wer better en ferdreau de ferskate bearzerûchkrûden nei it djippere wetter, dêr't it syn niche hat.

Nederlân hat de neifolgjende soarten:

In boarne fan noed by fiverleafhawwers is it brún wurden fan de blêden fan it glânzjend bearzerûch. Dit kin ferskeidene 9natoerlike) oarsaken hawwe:

As earste oarzaak hâldt glânzjend bearzekrûd fan healskaadrike plakken. At se te sinnich steane, of it wetter is yn in perioade te lang opwaarme, sille de blêden brún ferkleurje. Set men de planten wer yn in mear skaadrike omjouwing, dan kleurje se wer donkergrien.

As twadde oarzaak ferkleurje âlde blêden brún at der út harren oksels nije, jonge blêden foarme hawwe. Slakken frette oan de jonge, sêfte blêden.

In tredde oarsaak fan it brún wurden fan de blêden fan bearzerûch kin komme troch in te heech izergehalte yn wetter wêrtroch it izer as rustplakken delslein is it bearzerûch. Benammen grûnwetter befet bytiden soms in soad izer en men kin it bêste ôfwachtsje oant alle izer delslein is op de boaiem fan de fiver.

Ek stof is in grutte fijân fan it glânzjend bearzerûch. Troch de wyn kin der stof yn it wetter bedarje en de blêden fersmoargje. Gean mei in fiskersnetsje de blêden lâns sadat it stof der ôf waait en nei de boaiem sakket.