Berbersk-Latynsk alfabet

It Berbersk-Latynsk alfabet (Berbersk: Agemmay Amaziɣ Alatin) is de foarm fan it Latynsk alfabet dat ornearre is om yn de Berbertalen, likegoed yn de noardlike en súdlike (Tûarek) farianten, te skriuwen. It waard yn de njoggentjinde iuw ûntwikkele.

De Berbertalen waarden oarspronklik yn it Libysk skrift skreaun en in bot letter waard it Tûarek-Tifinaghskrift foar de Tûarektalen brûkt. In moderne foarm, it Nij-Tifinagh, is in konsonanteskrift dat in oanpaste foarm fan it Tifinagh is en wurdt hjoed-de-dei, alhoewol net al te folle, brûkt.

It brûken fan it Latynsk alfabet waard warber mei de Jeropeeske kolonisaasje yn Noard-Afrika. Wurdboeken en wurdlisten, skreaun mei Latynske letters, waarden op alfabetyske folchoarder set, en dy wiene orneare foar de kolonjale administraasje, hannel en militêre offisieren. Taalkundigen, dy't yn Semityske talen spesjalisearre wiene, ûntwikkelen in systeem op basis fan Semityske romanisearring. Dêrby waarden diakrityske tekens brûkt en wurdboeken waarden oardere neffens de Semityske radikaal. Dat systeem waard dêrnei ornaris brûkt foar Berberske dokuminten en literatuer.

Noardberbersk-Latynsk alfabet

bewurkje seksje

It Noardberbersk-Latynsk alfabet (ornearre foar alle Berberfarianten útsein de Tûarektalen) bestiet, oer it algemien, út 34 letters:

  • 23 standertletters (alle letters út it standert Latynsk alfabet útsein O, P en V)
  • 11 oanpaste letters: Č, Ḍ, Ǧ, Ɣ, Ḥ, Ɛ, Ř, Ṛ, Ṣ, Ṭ en .
De 34 letters fan it Noardberbersk-Latynsk alfabet
A B C Č D E F G Ǧ Ɣ H I J K L M N Ɛ Q R Ř S T U W X Y Z
Lytse letters
a b c č d e f g ǧ ɣ h i j k l m n ɛ q r ř s t u w x y z

Súdberbersk-Latynsk alfabet

bewurkje seksje

It Súdberbersk-Latynsk alfabet (ornearre foar it Tûarek-Berbersk) bestiet, oer it algemien, út 36 letters.

De 36 letters fan it Súdberbersk-Latynsk alfabet foar it Tûarek-Berbersk, sa't dy erkend is troch de oerheid fan Maly sûnt 1982
A Ă B D E Ǝ F G Ɣ H I J K L M N Ŋ O Q R S Š T U W X Y Z Ž ʔ
De 36 letters fan it Súdberbersk-Latynsk alfabet foar it Tûarek-Berbersk, sa't dy erkend is troch de oerheid fan Niger sûnt 1999
A Ă Ǝ B C D E F G Ǧ H I J ǰ Ɣ K L M N Ŋ O Q R S Š T U W X Y Z

Berbersk-Latynsk alfabet mei Tifinagh

bewurkje seksje
Noardberbersk-Latynske letter Tifinagh-ekwifalint Arabysk ekwifalint IPA-ekwifalint Te ferlykjen mei
A / a أ / ا æ koarte "a"
 / â
(Ɛ yn Kabilysk-Berbersk)
ع ʕ Arabyske ع `ayn (gjin Fryske ekwifalint)
B / b ب b / β b
C / c ش ʃ sj / Ingelske "sh"
Č / č ⵜⵛ تش tsj / Ingelske "ch"
D / d د / ذ d / ð d en/of Ingelske "th" lykas yn "this"
Ḍ / ḍ ض ðˤ grouwe "d"
E / e geen ə sjwa, de "stomme e" lykas yn "bolle"
F / f ف f f
G / g (گ) g Fryske "g" lykas yn "goed"
Ġ / ġ
(Ɣ in Kabylisch Berber)
(غ) ɣ Franse of Duitse "r"
H / h هـ h h
Ḥ / ḥ ح ħ Arabische "Ḥ" zoals in "Muḥammad"
I / i ي /ِ i i / ie
J / j ج ʒ Franse "j" zoals in "journaal"
Ĵ / ĵ
(Ǧ yn Kabilysk-Berbersk)
ⴷⵊ (دج) Ingelske "j" lykas yn "jeans"
K / k كـ k k
L / l ل l / ɫ l
M / m م m m
N / n ن n n
Q / q ق q Arabyske "qaf" ق
R / r ر r Spaanske of Italjaanske "r"
Ř / ř ? ? L
Ṛ / ṛ ر grouwe "r"
S / s س s s
Ṣ / ṣ ص grouwe "s"
T / t ت / ث t / θ t en/of Ingelske "th" lykas yn "three"
Ṭ / ṭ ط grouwe "t"
U / u و /ُ ʊ o of "û" lykas yn "drûch"
W / w وَ w Fryske "w" lykas yn "woarst"
X / x خ χ Fryske "ch"
Y / y يَ j Fryske "j" lykas yn "jûn"
Z / z ز z Fryske "z" lykas yn "dize"
Ẓ / ẓ (ژ) grouwe "z"

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.