Berjocht:In dei yn de histoarje/26 desimber
- 838 - De Wettersneed fan 838 rekket Hartochdom Fryslân, likernôch 2.400 minsken komme om it libben.
- 1941 - Winston Churchill sprekt as earste Britske premier it Amerikaanske kongres ta.
- 1971 - Berne: Falko Zandstra, Nederlânsk reedrider fan Frysk komôf.
- 2003 - By in ierdskodding fan 6,6 op de Skaal fan Richter yn Bam, yn it súdeasten fan Iran, komme tsientûzenen om it libben.
- 2004 - In swiere ierdskok yn de Yndyske Oseaan folge troch in tsûnamy kostet tsientûzenen minsken yn de kustgebieten fan Aazje it libben; trije Friezen misse.
- 2006 - Ferstoarn: Gerald Ford, 38e presidint fan de Feriene Steaten.