Berjocht:Side fan de wike 2011/wike 8

Stânbyld foar it Abe Lenstra Stadion.

Abe Lenstra (It Hearrenfean, 27 novimber 1920 - It Hearrenfean, 2 septimber 1985), ek wol ús Abe, is in Fryske fuotballeginde. Lenstra wurdt wol sjoen as ien fan de bêste Nederlânske fuotballers ea. Om syn persoan binne tal fan ferhalen en sêgen ûntstien. Hy wurdt sjoen as ien fan de meast ferneamde Friezen allertiden en is opnaam yn de Kanon fan de Fryske skiednis. Nei syn dea is it fuotbalstadion fan SK It Hearrenfean nei Lenstra ferneamd, it Abe Lenstra Stadion.

Lês mear ...