Berjocht:Side fan de wike 2012/wike 32
De Snitswike is in evenemintewike dy't alle jierren op de earste freed fan augustus yn Snits hâlden wurdt. It is it grutste evenemint op de binnenwetters fan Jeropa en wurdt organisearre troch de Keninklike Wettersportferiening Snits. Yn dizze wike wurde alle dagen hurdsylwedstriden hâlden op de Snitser Mar en de Goaiïngarypster Puollen. Tagelyk wurde ferskate festiviteiten organisearre yn Snits, û.o. merke en floatskou (in show mei hûnderten boaten en fjoerwurk).
De Snitswike is de drokste tiid fan it jier yn Snits. Der wurde ek tal fan oare aktiviteiten organisearre yn Snits en om de mar, en jûns wurde yn Snits de oerwinnings fierd.