Berjocht:Side fan de wike 2012/wike 33
Albert Schweitzer (1875 – 1965) wie in Dúts arts, teolooch, filosoof, musikus en medysk sindeling. Hy waard berne yn 1875 yn Kaysersberg, yn de noardlike, doe noch Dútske Elzas, tsjintwurdich Frankryk. Yn 1953 krige hy de Nobelpriis foar de Frede. Hy is, útsein troch syn medysk wurk yn Afrika, foaral bekend wurden troch syn filosofy oer kultuer en etyk, en as musikus troch syn stúdzjes en ynterpretaasje op oargel en piano fan de muzyk fan Bach.