Berjocht:Side fan de wike 2017/wike 4

De Slach oan de Little Bighorn wie in fjildslach dy't op 25 en 26 juny 1876 útfochten waard oan 'e igge fan 'e rivier de Little Bighorn yn wat no it suden fan 'e Amerikaanske steat Montana is. Dit treffen hearde ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêrby't de Feriene Steaten definityf in ein makken oan 'e selsstannichheid fan 'e Yndiaanske folken yn it noardlike part fan 'e Grutte Flakten. Yn dat ramt wie de Slach oan 'e Little Bighorn lykwols in slimme tebeksetter, mei't dat treffen útrûn op in klinkende oerwinning foar de Yndianen.

Yn dizze fjildslach foel it Amerikaanske 7e Kavaleryregimint ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer in Yndiaansk doarp oan dêr't tafalligerwize in grut part fan 'e oarlochssterkte fan 'e (Sioux), Sjajinnen (Cheyenne) en Arapaho gearkommen wie. Ynspirearre troch de fizioenen fan 'e medisynman Sittende Bolle, en oanfierd troch de opperhaden Mâl Hynder en Gal, sloegen de Yndianen de oanfal fan 'e troepen fan majoar Marcus Reno op 'e suderein fan harren doarp ôf, wêrnei't se oan 'e noarderein de oanfal fan Custer sels brieken noch foar't dy goed en wol begûn wie. De fiif kompanjyen kavalery fan Custer waarden doe op in heuveltop besingele en oan 'e lêste man ta útrûge. De troepen fan Reno waarden ek besingele, mar koene nei twa dagen ûntset wurde troch Amerikaanske fersterkings. Yn totaal kamen der 268 Amerikanen om, wat de Slach oan de Little Bighorn ta ien fan 'e swierste nederlagen makke dy't de Amerikanen ea tsjin 'e Yndianen litten.

Lês fierder