Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 52

Tritich sulverstikken wie de beleanning dêr't Judas Iskariot syn learmaster Jezus fan Nazaret foar ferrette neffens de bibelpassaazje yn it nijtestamintyske Evangeelje fan Mattéus 26:15. Foarôfgeande oan it Lêste Jûnsmiel soe Judas, ien fan 'e oarspronklike tolve dissipels, nei de joadske hegepreesters gien wêze om te hantsjebakken oer de priis dêr't er Jezus foar ferriede soe. Hja berikten oerienstimming dat er der tritich sulverne munten foar krije soe, hoewol't er dy letter, nei de feroardieling fan Jezus, ferfolle fan berou weromjaan woe. Yn 'e kristlike kultuer en de Westerske literatuer is "trichtich sulverstikken" (Nederlânsk: dertig zilverlingen, Ingelsk: thirty pieces of silver, ensfh.) sprekwurdlik wurden foar it beskamjen fan fertrouwen en it ferrieden fan in freon om dêr sels better fan te wurden.

Lês fierder