Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 17
Beklimming fan de Mont Ventoux, yn it oarspronklike Italjaansk: Ascesa al Monto Ventoso, is de namme dy't algemien yn gebrûk is foar in ferneamd brief út 1336 fan 'e Italjaanske dichter en filosoof Francesco Petrarca (1304-1374) oan syn bychtheit Dionigi di Borgo San Sepolcro. Yn it brief beskriuwt Petrarca syn beklimming fan 'e berch de Mont Ventoux, yn 'e Provâns, yn 1336. Hoewol't hjoeddeistige saakkundigen de histoaryske akkuratens fan 'e tekst fan it brief yn twifel lûke, wurdt Beklimming fan de Mont Ventoux rûnom sjoen as in ier foarbyld fan 'e nije ideeën fan 'e Renêssânse. Petrarca joech it brief letter sels út as ûnderdiel fan syn brievesamling Epistolae Familiaris (IV, 1). In Fryske oersetting, mei as titel Oan: Dionigi di San Borgo Sepolcro, ferskynde yn juny 2017 by Utjouwerij Regaad yn Grins ta gelegenheid fan 'e presintaasje fan 'e fertaling fan 'e roman Ventoux, fan Bert Wagendorp.