Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 48
It Ramayana, yn it oarspronklike Sanskryt: रामायण, sekuerdere transliteraasje: Rāmāyaṇa (útspr.: [rɑːmɑːjəɳə]; likernôch: "raa-maa-juh-nuh"), is ien fan 'e beide grutte epyske gedichten fan it hindoeïsme (it oare is it Mahābhārata). It bestiet út mear as 50.000 dichtregels en is gearstald fan 'e fjirde en fyfde iuw f.Kr. Yn dy tiid waard de haadpersoan, de godheid Rāma, wierskynlik noch net beskôge as in ynkarnaasje fan 'e oppergod Vishnu. Tradisjoneel wurdt dit epos taskreaun oan 'e wize en dichter Vālmīki.
It Rāmāyaṇa, dat oerset wurde kin as de "Reis fan Rāma" (of, frijer fertaald, as de "Wurken fan Rāma"), beskriuwt de syktocht fan Rāma nei syn troch de demon Rāvaṇa ûntfierde frou Sītā, dy't er úteinlik mei de help fan 'e apegod Hanuman út Rāvaṇa syn keninkryk Lanka (Sri Lanka) befrijt. It ferhaal giet yn prinsipe oer de striid tusken goed en kwea, mar leart de lêzer ûnderwilens in protte etyske lessen. It Rāmāyaṇa is de wichtichste religieuze tekst foar de vishnuïtyske hindoes fan 'e Rāma-Sītā-kultus. Behalven yn it hindoeïsme nimt it ek in wichtich plak yn yn it boedisme, it jaïnisme en it sikhisme. It is ien fan 'e hoekstiennen fan 'e kultuer fan Yndia en Nepal en teffens fan boedistyske Súdeastaziatyske lannen lykas Birma, Tailân, Laos en Kambodja, en sels fan it al sûnt iuwen islamityske Yndoneezje en Maleizje.