Berjocht:Side fan de wike 2024/wike 43
Billy the Kid (Ingelsk foar "Billy de Jonge" of "Billy it Jonkje"), berne as William Henry McCarty jr. en ek bekend as William H. Bonney, Henry McCarty en Henry Antrim (New York, 23 novimber 1859 – Fort Sumner (Nij-Meksiko), 14 july 1881), wie in njoggentjinde-iuwsk Amerikaansk bandyt fan etnysk Iersk komôf. Hy wie in cowboy en revolverman dy't him oerjoech oan moard en dieverij en dêrmei in plak yn 'e Amerikaanske folkloare ferovere as ien fan 'e grutte nammen út 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy waard bekend troch syn dielname oan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County. Neffens de leginde soe Billy the Kid 21 manlju deamakke hawwe, mar histoarisy hâlde it derop dat dat oantal flink leger lei, tusken fjouwer en njoggen. Troch syn garismatyske persoanlikheid en altyd kibich klaaide foarkommen brocht er it, nettsjinsteande syn misdieden, ta de status fan folksheld.