Bernardus Nieuwenhuis

Bernardus Nieuwenhuis (Eastermar, 19 jannewaris 1912 - De Houtigehage?, 5 septimber 2001) wie in hûs- en keunstskilder op De Rottefalle.

Hy wenne oan de Folgersterloane, tichtby de Wytse Peetswei yn De Houtigehage. 'Nakke', sa't syn bynamme wie, wie wat sport en toaniel oanbelanget oriïntearre op De Kompenije. Hy spile yn Polyphonia. Nieuwenhuis makke oaljeferveskilderijen, akwarellen, pinne- en potleadtekeningen fan doarpsgesichten en lânskippen. Faak waarden dizze skilderingen op fersyk makke, by in houlik of jubileum. Nieuwenhuis lei ek út himsels situaasjes fêst en letter wurke er dy dan út ta in skilderij. Lei in soad doarpen yn de omkriten fan De Rottefalle en yn De Wâlden fêst op doek, mar beskildere ek molkbussen.

Ein tachtiger jierren wie yn De Rottefalle in tentoanstelling fan syn wurk. Yn 1992, op syn tachtichste jierdei, wie yn de Wyngert yn Drachtster Kompenije in tentoanstelling fan syn wurk.

De Histoaryske Kommisje Drachtster Kompenije hat ein 2011 yn doarpshûs 'It Gebouke' in fotosesje hâlden foar in út te bringen boek oer de skilder.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: