Berne-iepenloftspul Easterwierrum

It Berne-iepenloftspul Easterwierrum of koartwei Berne-iepenloftspul (ek wol ôfkoarte ta BIS) is in iepenloftspul opfierd troch bern dat elts jier yn juny yn it Fryske doarp Easterwierrum holden wurdt. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Stifting Berne Iepenloftspul. De spilers komme út 'e heechste groepen fan 'e basisskoallen yn Easterwierrum en omlizzende doarpen. Oant en mei 2015 fûnen de opfierings plak yn 'e pastorijtún fan Easterwierrum, mar fan 2016 ôf binne se ferpleatst nei it sportfjild njonken MFC De Tysker, oan 'e Skuorrehôfwei. De foarstellings duorje ornaris omtrint twa oeren, ynkl. in skoft. Yn 2018 waard it iepenloftspul seis kear opfierd op seis ferskillende dagen: twa kear op 'e middei en fjouwer kear op 'e jûn.

Berne-iepenloftspul Easterwierrum
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Easterwierrum
holden yn sportfjild by MFC De Tysker
tiid fan it jier juny
bysûnderheden
ôfkoarting BIS Easterwierrum
soarte evenemint iepenloftspul
bestean 1997 – no
org. troch Stifting Berne Iepenloftspul
offisjele webside
www.berneiepenloftspul.nl

Opfierde toanielstikken

bewurkje seksje

De toanielstikken dy't opfierd wurde yn it ramt fan it Berne-iepenloftspul Easterwierrum binne faak basearre op literêre wurken en/of films.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: