Hotze de Roos

(Trochferwiisd fan H. de Roos)

Hotze de Roos (Langsweagen, 24 novimber 1909Krommenie, 15 oktober 1991) wie in Nederlânske jeugdboekeskriuwer.

Byld fan H. de Roos yn Terherne
Makker: Froukje Herkströter-Postma

Hy is berne yn it doarp Langsweagen, wat no ûnder de gemeente Opsterlân falt. Letter wenne er yn it Noardhollânske Krommenie. Nei de legere skoalle en de ambachtsskoalle waard er timmerman. Hy begûn ek stikjes te skriuwen foar de krante.

De Roos is benammen bekend wurden as skriuwer fan de jeugdboeken oer de twilling Sytse en Hylke Klinkhammer. Sy spylje de haadrol yn de rige De Kameleon.

Hy skreau it earste Kameleon-boek yn 1948 mei de titel Sytse en Hylke, de belhammers fan de doarpssmid. Utjouwerij Kluitman woe lykwols dat de titel feroare waard yn De Skippers fan de Kameleon (ISBN 90-206-6701-7). De reden dat De Roos foar Kluitman keas, wie dat dy útjouwerij al bekendheid opboud hie mei soartgelikense boeken as De Kameleon, lykas Dik Trom en Pietje Bell.

De Roos ferstoar yn 1991. Syn urn is yn it Kameleondoarp Terherne.

De Hotze de Roospriis is in priis dy't alle jierren oan in debutearjende berneboekeskriuwer útrikt wurdt.

Keppelings om utens

bewurkje seksje