Bessie Smith
Bessie Smith (Chattanooga, Tennessee, 15 april 1894 - Clarksdale, Mississippy, 26 septimber 1937) wie in Amerikaansk bluessjongster. Sy wurdt beskôge as ien fan de populêrste en súksesfolste bluessjongers út de jierren tweintich fan de 20e iuw dy't mei Louis Armstrong grutte ynfloed hân hat op oare jazzsjongers.
Biografy
bewurkje seksjeBessie Smith wie de dochter fan Laura (berne Owens) en William Smith. William Smith wie arbeider en dieltiidpredikant by de Baptistetsjerke. Hy stoar rillegau nei't Bessie berne waard. Tsjin de tiid dat hja njoggen wie, hie hja har mem en broer ek ferlern. Har âldere suster Viola naam de húshâlding dêrnei op 'e noed.[1]
Wurkpaad
bewurkje seksjeBessie Smith song yn 1912 yn deselde show as Ma Rainey, dy't har hoede en noede. Acht jier letter, yn 1920, hie hja har eigen show en wie har namme al festige yn in grut part fan it suden en easten fan de Feriene Steaten.
Yn 1923 wie hja ien fan de earste bluesartysten, dy't in platekontrakt by Columbia Records tekene. De classic female blues, dêr't hjua in wichtich eksponint fan wie, belibbe yn dy tiid syn gloarjedagen. Bessies opname fan Alberta Hunter syn Downhearted Blues makke har yn ien klap ferneamd. Bessie Smith waard yn de rin fan de tiid ien fan bêst fertsjinjende swarte artysten fan har tiid. Sy spile mei guon fan de bêste muzikanten fan de jierren tweintich, ûnder oaren mei Louis Armstrong, James P. Johnson, Joe Smith en Charlie Green.
Yn 1929 wiene de heechtiidsdagen fan har muzykstyl oer en rekke har karriêre yn de nederklits. Sy spile dat jier noch wol yn de film St. Louis Blues en 1933 naam hja mei John Hammond har lêste songs op. Beynfloede fan Hammond hie hja besocht har mear te ûntjaan ta in swingsjongster.
Dea
bewurkje seksjeOp 26 septimber 1937 rekke Bessie swierferwûne by in autoûngemak tusken Memphis en Clarksdale mei har feint (en omke fan Lionel Hampton) Richard Morgan oan it stjoer. Sy waard nei it swarte Afro-Amerikaanske sikehûs fan Clarksdale brocht, dêr't de dokters har rjochterearm ôfsetten. Sy waard lykwols net wekker út de narkoaze en stoar deselde moarns noch. Bessie Smith is 43 jier wurden. Har grêf bleau lange tiid sûnder oantsjutting, oant Janis Joplin en Juanita Green der tsientallen jierren letter in stien mei ynskripsje oposette lieten. [2]
Diskografy
bewurkje seksjeOpnamedatum | Liet | Begelieding |
---|---|---|
1923: 17 febrewaris | Down Hearted Blues | Clarence Williams (piano) |
1923: 7 april | Ticket Agent Ease Your Window Down | Robert Robbins (fioele); Irving Johns (piano) |
1923: 21 septimber | Jailhouse Blues | Irving Johns (piano) |
1924: 4 april | Sorrowful Blues | John Griffin (gitaar); Robert Robbins (fioele) |
1924: 23 july | House Rent Blues | Charlie Green (tromboane); Fletcher Henderson (piano) |
1924: 26 septimber | Weeping Willow Blues | Joe Smith (kornet); Charlie Green (Posaune); Fred Longshaw (piano) |
1924: 6 desimber | Follow the Deal On Down | Buster Bailey en Don Redman (klarinetten); Fred Longshaw (piano) |
1925: 24 jannewaris | St. Louis Blues; Reckless Blues; You've Been a Good Ole Wagon; Sobbin' Hearted Blues; Cold In and Blues | Louis Armstrong (kornet); Fred Longshaw (harmoanium yn de earste twa stikken; piano yn de oare trije) |
1925: 5 maaie | Cake Walking Babies; The Yellow Dog Blues | Joe Smith (trompet); Charlie Green (tromboane); Buster Bailey (klarinet); Coleman Hawkins (tenoarsaksofoan); Fletcher Henderson (piano); Charlie Dixon (banjo); Bob Escudero (tuba); Kaiser Marshall (slachwurk) |
1925: 26. Mai | Careless Love Blues; Nashville Woman's Blues | |
1925: 27 maaie | I Ain't Gonna Play No Second Fiddle; J.C. Holmes Blues | Louis Armstrong (kornet); Fred Longshaw (piano); Charlie Green (tromboane) |
1925: 18 novimber | At the Christmas Ball | Joe Smith (trompet); Charlie Green (tromboane); Fletcher Henderson (piano) |
1926: 18 maart | Jazzbo Brown from Memphis Town; The Gin House Blues | Fletcher Henderson (piano); Buster Bailey (klarinet) |
1926: 4 maaie | Baby Doll; Money Blues; Lost Your Head Blues | Joe Smith (trompet); Fletcher Henderson (piano) |
1926: 10 oktober | One and Two Blues; Young Woman's Blues | Joe Smith (trompet); Buster Bailey (klarinet); Fletcher Henderson (piano) |
1927: 2 maart | Alexander's Ragtime Band; Muddy Water; After You’ve Gone; There'll Be a Hot Time In the Old Town Tonight | Joe Smith (trompet); Fletcher Henderson (piano); Charlie Dixon (banjo); Jimmy Harrison (tromboane); Coleman Hawkins spilet klarinet yn de earste twa stikken en Buster Bailey yn de lêste trije stikken. |
1927: 3 maart | Trombone Cholly | Joe Smith (kornet); Charlie Green (tromboane); Fletcher Henderson (piano) |
1927: 27 septimber | Mean Old Bedbug Blues; A Good Man Is Hard to Find | Porter Grainger (piano); Lincoln Conoway (gitaar) |
1928: 20 maart | Empty Bed Blues | Charlie Green (Posaune); Porter Grainger (piano) |
1928: 24 augustus | Poor Man's Blues | Joe Williams (tromboane); Ernest „Sticky“ Elliot, Bob Fuller (saksofoan); Porter Grainger (piano) |
1928: 25 augustus | Me and My Gin | Joe Williams (tromboane); Porter Grainger (piano) |
1929: 8 maaie | Kitchen Man | Clarence Williams (piano); Eddie Lang (gitaar) |
1929: 29 maaie | Nobody Knows You When You're Down and Out | Ed Allen (kornet); Clarence Williams (piano); Cyrus St. Clair (tuba) |
1930: 27 maart | New Orleans Hop Scop Blues | Louis Bacon (trompet); Charlie Green (tromboane); Garvin Bushell (klarinet); Clarence Williams (piano) |
1930: 22 july | Black Mountain Blues | Trompet en piano net bekend |
1931: 20 novimber | I Need a Little Sugar in My Bowl | Fred Langshaw of Clarence Williams (piano) |
1933: 24 novimber | Gimme a Pigfoot; Take Me for a Buggy Ride; Do Your Duty; I'm Down in the Dumps | Frankie Newton (trompet); Jack Teagarden (Posaune); Chu Berry (tenoarsaksofoan); Buck Washington (piano); Bobby Johnson (gitaar); Billy Taylor (bas); Gimme a Pigfoot docht ek Benny Goodman oan mei. |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|