Carl van Vechten
Carl Van Vechten (Cedar Rapids (Iowa), 17 juny 1880 – New York City, 21 desimber 1964) wie in Amerikaansk skriuwer en fotograaf. Van Vechten wie patroan fan de Harlem Renaissance en besoarger fan de literêre neilittenskip fan Gertrude Stein, dy’t er yn 1913 yn Parys moete.
Biografy
bewurkje seksjeVan Vechten wie klear mei de Washington High School yn syn berteplak yn 1898 en gie dêrnei nei de Universiteit fan Chicago[1] in 1903. Yn 1906 ferfarde er nei New York Cityen waard assistint-muzykkritikus by de New York Times. Hy hie in soad niget oan opera en yn 1907 krige er ferlof fan de krante om him yn Europa te ferdjipjen yn opera. Yn Ingelân troude er mei Anna Snyder, in âlde freondinne fan him út Cedar Rapids. Yn 1909 nimt er syn wurk by de New York Times en wurdt de earste Amerikaanske kritikus fan moderne dûns. Yn dy tiid treden Isadora Duncan, Anna Pavlova en Loie Fuller op yn New York City. It houlik mei Anna Snyder einige yn in skieding yn 1912 en yn 1914 boasket er dan oan de aktrise Fania Marinoff.
SVan Vechten skriuwt in protte essee's oer in ferskaat oan ûnderwerpen, sa as muzyk en literatuer, dy't tusken 1915 en 1920 yn boekfoarm útbrocht wurde. Tusken 1922 en 1930 ferskine der by Knopf sân romans fan Van Vechten, as earste Peter Whiffle: His Life and Works en as lêste Parties.[2]
Van Vechten hie niget oan swarte skriuwers en keunstners en hie kunde oan de meast wichtige figueren fan de Harlem Renaissance dy't er ek oanrekemindearre: ûnder oaren Langston Hughes, Richard Wright en Wallace Thurman hearden ta dy rûnte. Van Vechten's kontroversjele roman Nigger Heaven waard yn 1926 publisearre. It essee "Negro Blues Singers" waard publisearre yn it blêd Vanity Fair yn 1926.
Yn de jierren 30 begjint Van Vechten potretfoto's te meitsjen. Under de lju dy't er fotogravearre wienen Judith Anderson, James Baldwin, Tallulah Bankhead, Barbara Bel Geddes, Jane Bowles, Marlon Brando, Paul Cadmus, Erskine Caldwell, Truman Capote, Marc Chagall, Salvador Dalí, Ruby Dee, Ella Fitzgerald, F. Scott Fitzgerald, Lynn Fontanne, John Hersey, Billie Holiday, Horst P. Horst, Mahalia Jackson, Frida Kahlo, Sidney Lumet, Alfred Lunt, Norman Mailer, Alicia Markova, W. Somerset Maugham, Henry Miller, Georgia O'Keeffe, Sir Laurence Olivier, Leontyne Price, Diego Rivera, Cesar Romero, George Schuyler, Beverly Sills, Gertrude Stein, James Stewart, Alfred Stieglitz, Bessie Smith, Prentiss Taylor, Gore Vidal, Evelyn Waugh, Orson Welles en Anna May Wong.[3][4]
Van Vechten moete Gertrude Stein foar it earst yn Parys yn 1913. Sy korresondearje salang at Stein libbet, en doe't hja stjerre soe wiisde se Van Vechten oan om har literêre neilittenskip te behearen; hy holp mei oan de publikaasje fan Stein har noch net útbrochte wurk.
Nei de 30er jierren kaam Van Vechten net folle literêr wurk út hannen, mar wol hie er in briefwikseling mei in protte minsken.
Hoewol't Van Vechten mei Fania Marinoff troud west hat oant de ein fan syn libben ta, wie er homoseksueel en oars biseksueel. In part fan syn wurk bleau fersegele oant 25 jier nei syn dea. Nei dat skoft die bliken dat dêr knipselboeken en fotoalbums ûnder wiene dy't mei homoseksualiteit te krijen hiene.[5]
Van Vechten stoar yn de âldens fan 84 jier yn New York City. Yn 1968 ferskynde in biografy troch Bruce Kellner, Carl Van Vechten and the Irreverent Decades.
Karút wurk
bewurkje seksjeBoeken
bewurkje seksje- Music After the Great War (1915)
- Music and Bad Manners (1916)
- Interpreters and Interpretations (1917)
- The Merry-Go-Round (1918)
- The Music of Spain (1918)
- In the Garret (1919)
- The Tiger in the House (1920)
- Lords of the Housetops (1921)
- Peter Whiffle (1922)
- The Blind Bow-Boy (1923)
- The Tattooed Countess (1924)
- Red (1925)
- Firecrackers (1925)
- Excavations (1926)
- Nigger Heaven (1926)
- Spider Boy (1928)
- Parties (1930)
- Feathers (1930)
- Sacred and Profane Memories (1932)
Fotografy
bewurkje seksje-
Peter Abrahams, 1955
-
Marian Anderson, 1940
-
Antony Armstrong-Jones, 1958
-
Christopher Isherwood en W. H. Auden, 1939
-
Pierre Balmain en Ruth Ford, 1947
-
Tallulah Bankhead, 1934
-
James Baldwin, 1955
-
Albert C. Barnes, 1940
-
Harry Belafonte, 1954
-
Féral Benga, 1937
-
Karen von Blixen-Finecke, 1959
-
Clare Boothe Luce, 1932
-
Marlon Brando, 1948
-
Donald Windham en Sandy Campbell, 1955
-
Truman Capote, 1948
-
Katharine Cornell, 1933
-
Giorgio de Chirico, 1936
-
Salvador Dalí, 1934
-
Gloria Davy, 1958
-
Ruby Dee, 1962
-
Mabel Dodge Luhan, 1934
-
Norman Douglas, 1935
-
John Van Druten, 1932
-
John Gielgud as Richard II, 1936
-
William Faulkner, 1954
-
Arthur Gold en Robert Fizdale, 1952
-
F. Scott Fitzgerald, 1937
-
Lynn Fontanne, 1932
-
Ben Gazzara, 1955
-
Dizzy Gillespie, 1955
-
Martha Graham en Bertram Ross, 1961
-
Maurice Grosser, 1935
-
W. C. Handy, 1941
-
Julie Harris, 1952
-
Billie Holiday, 1949
-
Nora Holt, 1955
-
Lena Horne, 1941
-
Marilyn Horne en Henry Lewis, 1961
-
Zora Neale Hurston, 1938
-
José Iturbi, 1933
-
Mahalia Jackson, 1962
-
Philip Johnson, 1933
-
Eartha Kitt, 1952
-
Victor Kraft, 1935
-
Fernand Léger, 1936
-
Hugh Laing, 1940
-
Canada Lee, 1941
-
Lotte Lenya, 1962
-
Joe Louis, 1941
-
Alfred Lunt, 1932
-
Norman Mailer, 1948
-
Henri Matisse, 1933
-
Somerset Maugham, 1934
-
Elsa Maxwell, 1935
-
Colin McPhee, 1935
-
Gian Carlo Menotti, 1944
-
Francisco Moncion, 1947
-
Robert Morse, 1958
-
Laurence Olivier, 1939
-
Christopher Plummer, 1959
-
José Quintero, 1958
-
Luise Rainer, 1937
-
Cesar Romero, 1934
-
Arthur Schwartz, 1933
-
Walter Slezak, 1934
-
Bessie Smith, 1936
-
Gertrude Stein, 1935
-
James Stewart, 1934
-
William Grant Still, 1949
-
Paul Taylor, 1960
-
Pavel Tchelitchew, 1934
-
Virgil Thomson, 1947
-
Antony Tudor, 1941
-
Gore Vidal, 1948
-
Hugh Walpole, 1934
-
Ethel Waters, 1938
-
Evelyn Waugh, 1940
-
Orson Welles, 1937
-
Anna May Wong, 1939
-
George Zoritch, 1942