Mahalia Jackson
Mahalia Jackson (berne yn New Orleans, 26 oktober 1911 – ferstoarn yn Chicago, 27 jannewaris 1972) wie in Amearikaanske sjongeres dy't as bynamme "Queen of the Gospel" krige. Al fanôf har fyfte song Mahalia gospels yn de baptistetsjerke.
Mahalia Jackson | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Mahalia Jackson yn de Irenehal yn Utert (1963) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Amearikaanske | |
berne | 26 oktober 1911 | |
berteplak | New Orleans | |
stoarn | 27 jannewaris 1972 | |
stjerplak | Chicago | |
wurkpaad | ||
sjenre | Gospel | |
sjongtaal | Ingelsk | |
jierren aktyf | 1927–1971 |
Op 28 augustus 1963 song hja by in demonstraasje tsjin de rassediskriminaasje op fersyk fan dûmny Martin Luther King foar in mannichte fan 250.000 minsken "I've been buked and I've been scorned" en How I got over"". Mahalia Jackson levere mei jild en meiwurking in grutte bydrage oan de demonstraasjes, dy't dûmny Martin Luther King organisearre, oan de striid foar de emansipaasje fan de Afro-Amearikaanske mienskip yn de Feriene Steaten. Dochs is Mahalia Jackson by it grutte publyk benammen bekend as sjongeres.
Bernetiid
bewurkje seksjeMahalia Jackson waard berne op 26 oktober 1991 as Mahala Jackson en krige de bynamme "Halie". Se waard ferneamd nei har muoike Mahala Clark-Paul en woeks op yn de buert Black Pearl yn de Carollton-wyk fan New Orleans. Dêr wenne de hûshâlding yn in wente mei trije keamers foar trettjin minsken en in hûn. Njonken har mem Charity Clark, dy't by oaren yn de hûshâlding wurke en wasker wie, wenne hja dêr mei har broer Roosevelt Hunter en ferskillende muoikes en oare famyljeleden. Muoike Mahala waard duke neamd om't hja yn de hûshâlding de septer swaaide.
By de berte waard fêststeld dat Mahalia te lijen hie fan genu varum, of O-fuotten. De dokters woene har wol operearje, mar ien fan de ynwenjende muoikes woe dêr neat fan witte. De mem fan Mahalia masearre har fuotten mei smoarch ôfwaskwetter en ek al wiene har fuotten net goed, dochs joech de lytse Mahalia dûnsfoarstellings foar de blanke frou by wa't har mem en har muoike Bell it hûs skjin hold.
Mahalia wie fjouwer of fiif doe't har mem Charity yn 'e âldens fan 25 jier ferstoar. It wie oan de famylje om út te meitsjen wa't Halie en har broer grutbringe moast. It waard muoike "Duke", dy't de ferantwurdlikens op har naam. De bern krigen de taak om fan moarnsier oant yn de jûn te wurkjen. Alles moast skytskjin wêze en sa net dan krige Mahalia in wan bruien. Skoalle wie der net by, mar Mahalia hold fan sjongen en dat mocht hja it leafst yn tsjerke dwaan. Har muoike Bell sei har dat se nochris foar keningen optrede soe, in foarsizzing dy't letter ek noch útkaam.
Mahalia's karriêre begûn yn de lokale Mount Moriah Baptist Church. Se wie 12 doe't se doopt waard yn de Mississippy troch Mount Moriah's dûmny E.D. Lawrence.
1920-1930
bewurkje seksjeYn 1931, doe't se 20 wie, ferhûze Mahalia nei Chicago, Illinois. Dêr waard se fuort nei de earste tsjerketsjinst dy't se bywenne, en dêr't se har favorite liet "Hand Me Down My Silver Trumpet, Gabriel" song, útnûge om by it Greater Salem Baptist Church Choir te gean. Ek besocht se de tsjerken yn de stêd en yn de omkriten mei de Johnson Gospel Singers, ien fan de earste profesjonele gospelgroepen. Fan Thomas Andrew Dorsey krige se muzikaal advys en yn 1939 begûnen se in fiif jier lange gearwurking, wêryn't Mahalia lieten fan Dorsey song yn tsjerken en op kongressen, wêrby't syn "Take My Hand, Precious Lord" nea mist waard.
Yn 1936 troude hja Isaac Lanes Gray Hockenhull, ôfstudearre oan de Fisk University en it Tuskegee Institute, en tsien jier âlder as Mahalia. Se wegere net-kristlike muzyk te sjongen, in ûnthjit dêr't Mahalia har hiele libben trou oan bleau. Faak krige se goed jild oanbean om oars te sjongen en hja gyng yn 1941 by de man wei, om't dy har jimmeroan oansette om wrâldske muzyk te sjongen en ek nochris hielendal ferslaafd rekke oan it gokken op hurddravers.
Yn it begjin fan de jierren yn Chicago naam se "You Better Run, Run, Run" op. Oer dy opname is net in soad bekend en der binne gjin kopyen fan bekend by it publyk. Neffens de biograaf Laurraine Goreau wie it ek yn dy tiid dat se de "i" yn har namme tafoege. Doe't se 25 jier wie fûnen der mei Estelle Allen (piano) op 21 maaie 1937 mear opnames plak ûnder it label fan Decca: "God's Gonna Separate The Wheat From The Tares", "My Lord", "Keep Me Everyday" en "God Shall Wipe All Tears Away". It die bliken dat de nûmers net genôch jild opsmiten en Decca liet har gean.
Mahalia tekene yn 1947 foar it Apollo-label en yn 1948 liet se in liet fan de dûmny-komponist William Herbert Brewster opnimme, "Move On Up a Little Higher". It waard sa goed ferkocht, dat de platen net oan te slepen wiene en meiïnoar waarden der acht miljoen platen fan ferkocht, foar dy tiid in ûnbidich heech oantal (it liet waard letter yn 1998 ûnderskieden mei de Grammy Hall of Fame Award. Mei it súkses wie Mahalia in ferneamd persoan woarn, ynearsten yn de Feriene Steaten en al gau dêrnei ek yn Europa. Fanôf dy tiid hie se as in konsertartyst mear optredens yn konserthallen en wat minder faak yn tsjerken. No't de ynkomsten heger útfoelen koene ek de arranzjeminten útwreide wurde fan oargel en piano nei orkesten.
Ek de folgjende opnames waarden mei jubel ferwolkomme, lykas "Let the Power of the Holy Ghost Fall on Me" (1949), dy't mei de Frânske Grand Prix du Disque ûnderskieden waard, en "Silent Night", dy't de bêst ferkochte single yn de skiednis fan Noarwegen waard. Doe't hja "Silent Night" op de Deenske nasjonale radio song, reinde it fersiken om de plaat te bestellen. Oare opnames mei it Apollo-label wiene "He Knows My Heart" (1946), "Amazing Grace" (1947), "Tired" (1947), "I Can Put My Trust in Jesus" (1949), "Walk with Me" (1949), "Let the Power of the Holy Ghost Fall on Me" (1949), "Go Tell It on the Mountain" (1950), "The Lord's Prayer" (1950), "How I Got Over" (1951), "His Eye Is on the Sparrow" (1951), "I Believe" (1953), "Didn't It Rain" (1953), "Hands of God" (1953) en "Nobody Knows" (1954).
1950–1970
bewurkje seksjeYn 1950 waard Mahalia de earste gospelsjongeres om op te treden yn de Carnegie Hall yn it Negro Gospel and Religious Music Festival fan Joe Bostic. Se sette útein mei in toernee troch Europa yn 1952, dêr't se ynhelle waard as de grutste gospelsjonger fan 'e wrâld. Yn Parys waard se omskreaun as "la meilleure chanteuse de gospel au monde" en "une ange de paix". Op it hiele kontinint loek se folle sealen mar de reis moast ynkoarte wurde om't se hielendal tenein rekke. Se begûn mei in searje op CBS en tekene by Columbia Records yn 1954. In skriuwer foar it muzykblêd DownBeat skreau op 7 novimber 1954: "It is generally agreed that the greatest spiritual singer now alive is Mahalia Jackson". It earste album by Columbia kaam ûnder titel "The World's Greatest Gospel Singer" yn 1954 út, folge troch it krystalbum "Sweet Little Jesus Boy" en "Bless this House" (1956).
Mei it súkses kaam ek de krityk fan gospel-puriteinen, dy't klagen oer it hângeklap fan Mahalia, har stampen mei de fuotten en dat se jazz yn de tsjerke brocht. Mar tagelyk hie Mahalia in soad opmerklike prestaasjes yn dy tiid. Sa song se yn de films "St. Louis Blues" (1958) en "Imitation of Life" (1959) en wurke se mei de komponist Percy Faith. Se wie de wichtichste dielnimmer oan de earste gospelmuzykshow op it Newport Jazz Festival yn 1957. Hja wie der ek by de iepening fan Old Town School of Folk Music yn Chicago yn 1962. Yn 1961 song Jackson op it ynauguraasjebal fan presidint John F. Kennedy. In twadde krystalbum "Silent Night (Song for Christmas" folge yn 1962. Yntusken wie se op de Britske tillevyzje in fertroud gesicht woarn troch koarte filmkes fan har dy't út en troch útsjoerd waarden.
Yn maart 1963 song Mahalia yn Washington foar sa'n 250.000 minsken "How I Got Over" en "I Been Buked and I Been Scorned". Martin Luther King Jr. hold dêr syn "I Have a Dream"-rede. Hja song ek "Take My Hand, Precious Lord" op syn begraffenis doe't er yn 1968 fermoarde waard. Se song foar grutte kloften op de New York World's Fair yn 1964 en wie tegearre mei de doe noch tige jonge preker Al Sharpton. Yn de jierren 1961, 1963–1964, 1967, 1968 en 1969 makke se op 'e nij in toernee troch Europa. Yn 1970 stie se te sjongen foar de Libeariaanske presidint William Tubman.
Jackson's lêste album wie "What The World Needs Now" (1969). It oare jier, yn 1970, stie se tegearre mei Louis Armstrong op de planken om "Just a Closer Walk with Thee" en "When the Saints Go Marching In" te sjongen. Hja einige har karriêre mei in konsert yn Dútslân en doe't se werom kaam yn de Feriene Steaten makke se ien fan har lêste tillevyzje-optredens yn de Flip Wilson Show.
In soad tiid bestege hja oan it helpen fan oare minsken; se stifte de Mahalia Jackson Scholarship Foundation foar jonge minsken dy't leare woene. Fan it jild dat se fertsjinne iepene se in skientmesalon en in blommesaak, ek stiek se jild yn ûnreplik guod.
Yn 1970 we se te gast yn in episoade fan Sesamstrjitte, dêr't se "He's Got the Whole World in His Hands" song.
Boargerrjochten
bewurkje seksjeMahalia Jackson spile in grutte rol yn de Amearikaanske boargerrjochtebeweging. Yn augustus 1956 kaam se yn de kunde mei Ralph Abernathy en Martin Luther King op de National Baptist Convention. In pear moanne letter namen King en Abernathy kontakt mei har op en fregen har om nei Montgomery, Alabama te kommen, om dêr te sjongen op in gearkomste en jild yn te sammeljen foar de Montgomery-busboycot, it protest tsjin it skieden fan rassen yn it iepenbier ferfier yn de stêd.
Nettsjinsteande deadsbedrigings gyng Mahalia nei Montgomery. Har konsert wie op 6 desimber 1956. Yntusken hie it Amearikaanske Heechgerjochtshôf al oardiele dat de rassensegregaasje yn it iepenbier ferfier tsjin de grûnwet wie, mar yn Montgomery waard de útspraak net respekearre, dat de busboycot gyng troch. Mahalia song yn Montgomery "I Heard of a City Called Heaven", "Move On Up A Little Higher" en "Silent Night". Der kaam goed wat folk op ôf en de organisaasje wie optein mei it jild dat ophelle waard, mar doe't Mahalia werom gyng nei it hûs fan Abernathy die bliken dat sawol syn hûs as syn tsjerke yn 'e brân stutsen wie. De famylje koe mar skraach weikomme, mar se rûnen fierder gjin ferwûnings op. De boycot einige úteinliks op 21 desimber 1956, doe't de stêd troch federale bevelen twongen waard de útspraak fan de rjochtbank nei te libjen.
Alhoewol't Mahalia ynternasjonaal bekend wie, hie se dochs te meitsjen mei foaroardielen. Sa besocht hja in hûs yn Chicago te keapjen en wêr't se ek in hûs fûn, hieltiten waard har troch de makelder of de blanke eigners sein dat it hûs al fuort wie of dat se it dochs mar leaver net mear ferkochten. Doe't it har lang om let slagge om in hûs te finen, woene de buorlju har leaver net njonken har ha. Se besochten har benaud te meitsjen troch te sjitten op de ramen en dêrom moast se nei de plysje om beskerming te freegjen. De blanken yn de buert begûnen te ferhûzjen en foar harren yn it plak kamen swarte famyljes.
King en Abernathy bleane harren fersetten tsjin de segregaasje. Yn 1957 stiften se de Southern Christian Leadership Conference (SCLC). De earste grutte demonstraasje fan de SCLC wie de Prayer Pilgrimage for Freedom yn Washington, D.C. op 17 maaie 1957. Tenei soe Mahalia dûmny King in soad beselskipje. Se song ear't King útein sette mei syn taspraken en holp wêr't se koe jild yn te sammeljen. Yn in yn 1962 parseberjocht fan de SCLC skreau King dat Mahalia al ferskate kearen holpen hie by de striid yn it Suden, mar dat se no op regelmjittige basis by de striid belutsen wêze woe. Jesse Jackson sei dat as King har frege, hja nea wegere en mei him nei de fierste úthoeken fan it segregearre Suden teach.
By de Mars nei Washington (March on Washington for Jobs and Freedom) yn 1963 song Mahalia "I Been 'Buked and I Been Scorned" foar de ferneamde taspraak fan King. Doe't er it tariede diel fan syn taspraak ferwikselje soe foar syn foar in diel ymprovisearre slútrede oer it tema "I have a dream", rôp Mahalia him de wurden ta: "Tell them about the dream, Martin!"
Mahalia Jackson hope dat har muzyk bydroech oan it ôfbrekken fan de haat en de eangstme, dy't blank en swart yn it lân ferdielde. Se droech ek finansjeel by oan de beweging.
Mahalia's dea
bewurkje seksjeMahalia Jackson ferstoar op 27 januari 1972 yn it Little Company of Mary Hospital yn Evergreen Park, Illinois. De oarsaak wie in kombinaasje fan hartfalen en diabeteskomplikaasjes. Yn Chicago brochten 50.000 minsken by de Greater Salem Baptist Church in lêste hulde oan de Queen of Gospel. De oare deis wennen yn it Arie Crown Theatre safolle minsken as der ien koene de begraffenistsjinst fan twa oeren by. Mahalia's dûmny, Leon Jenkins, boargemaster Richard J. Daley en Coretta Scott King holden redes en ek Sammy Davis jr. en Ella Fitzgerald tsjûgen fan harren respekt foar Mahalia. Joseph H. Jackson, presidint fan de National Baptist Convention, brocht Mahalia in lofrede op de begraffenis yn Chicago. Aretha Franklin makke mei in fertolking fan "Precious Lord, Take My Hand" in ein oan de rouplechtigheden yn Chicago.
Trije dagen letter wjerhellen de plechtichheden harren yn New Orleans. Op 'e nij wiene der tûzenen dy't Jackson in lêste hulde brochten. De boargemaster fan de stêd en de gûverneur fan Louisiana wiene oanwêzich en ek gospelsjongeres Bessie Griffin. Lou Rawls song "Just a Closer Walk With Thee". In roustaasje fan 24 limousines ried stadich de tsjerke foarby dêr't Mahalia as bern kaam en mei har sjongen begûn, de Mount Moriah Baptist Church, wêr lûdsprekkers opnames fan har spilen. Dêrnei gyng it nei it Providence Memorial Park yn Metairie, Louisiana, dêr't Mahalia lang om let begroeven waard.
Nettsjinsteande de ynskripsje fan it bertejier 1912 op har grêf, wie Mahalia berne yn 1911.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Mahalia Jackson
|