Bistedokterspraktyk It Griene Hert

Bistedokterspraktyk It Griene Hert (Nederlânsk en offisjeel: Dierenartsenpraktijk It Griene Hert)[1] is ien fan 'e gruttere bistedokterspraktiken yn noardwestlik Fryslân. It bedriuw waard yn 2008 oprjochte,[2] as in fuortsetting fan 'e eardere Bistedokterspraktyk Wommels.[2] De haadfêstiging befynt him noch altyd yn Wommels, op it bedriuweterrein oan De Lange Baan oan 'e noardkant fan it doarp.[1] Der binne no ek fêstigings yn Wytmarsum, oan De Tunen, en yn Harns, oan 'e Groen van Prinstererstrjitte.[1]

Bistedokterspraktyk It Griene Hert
Dierenartsenpraktijk It Griene Hert
DAP It Griene Hert logo.png
algemien
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
type privaat
sektor feterinêre tsjinstferliening
haadkertier Wommels (Fryslân)
oprjochte 2008
offisjele webside
www.itgrienehert.nl
De haadfêstiging fan Bistedokterspraktyk It Griene Hert, yn Wommels.

By Bistedokterspraktyk It Griene Hert wurken mids 2018 acht bistedokters en sân feterinêr assistinten.[3] It bedriuw is organisearre as in maatskip fan trije fan 'e bistedokters. It oare personiel is by harren yn 'e tsjinst.[2] De meiwurkers fan It Griene Hert behannelje sawol lânbouhúsdieren, lykas kij en skiep, grutte hobbyhúsdieren, lykas hynders, as lytse húsdieren, lykas hûnen, katten en kninen.[1] Yn 'e oarspronklike wurkkrite op it plattelân fan 'e Greidhoeke om Wommels hinne leit dêrby wol de neidruk op bisten út 'e yntinsive feehâlderij.

Keppelings om utensBewurkje

(ned) Offisjele webside fan Bistedokterspraktyk It Griene Hert

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Ynformaasje oer Bistedokterspraktyk It Griene Hert op 'e eigen webside.
  2. 2,0 2,1 2,2 Bedriuwsynformaasje oer Bistedokterspraktyk It Griene Hert fan Kompass.nl.
  3. List fan meiwurkers op 'e webside fan Bistedokterspraktyk It Griene Hert.