Blankenham
Blankenham is in dykdoarp yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel. It doarp leit oan de âlde Suderseedyk tusken De Kúnder en Bloksyl en hjoed-de-dei op de grins fan it âlde lân en it nije lân fan de Noardeastpolder. It doarp leit ek tichteby it Nasjonaal Park De Weerribben.
Blankenham | ||
Tsjerke fan Blankenham | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Stienwikerlân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 320 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 13,47 km² wêrfan 13,11 km² lân 0,36 km² wetter | |
Befolkingsticht. | 24 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 46' N 5° 54' E | |
Offisjele webside | ||
http://dijkdorpblankenham.nl | ||
Kaart | ||
Blankenham hat 320 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeBlankenham wie oarspronklik part fan it dykdoarp Iselham dat hieltyd mear yn twaen begûn te spjalten. In part fan it doarp ferpleatste him nei it westen en in part nei it easten. Ut de pleatsen dy't nei it westen ferhuzen, ûntstie de buorskip in den Hamme. De biskop fan Utert, Freark fan Blankenheim joech dy buorskip op 26 juny 1418 tastimming en stiftsje syn eigen tsjerke doe't de buorskip him fan Iselham ôfskate, om't de ôfstân nei de karspeltsjerke fan Iselham te grut waard. De buorskip waard letter Blankenham, nei de biskop, neamd. De biskop hjitte fierders dat it kollaasjerjocht fan de karspeltsjerke oan de fabryksmasters en de pastoar fan Iselham takaam. De tsjerke waard yn 1571 oan de hillige Nikolaas wijd.
De befolking fan it doarp bestie iuwenlang út feeboeren en fiskers.
Blankenham waard it slachtoffer fan ferskate stoarmfloeden oant yn de 19e iuw. Yn 1776 en 1825 binne der grutte oerstreamings yn it gebiet. De stoarmfloed fan 1825 feroarsaket in soad skea yn Blankenham, allyk yn it noardwesten fan Oerisle en it súdwesten fan Fryslân. In grut part fan it doarp waard fuortspield, 29 huzen en pleatsen rekken fernield.[2]
Yn 1942 waard de Noardeastpolder drûchmakke. Dat soarge foar in grutte feroaring foar it doarp. Oan ien kant wie it in ferbettering foar de feiligens, mar oan oare kant omreden de polder tsjin it âlde lân oan kaam te lizzen foar ferdrûging fan de grûn itjinge fersakkings feroarsake.
Fan 1811 oant 1818 hearde Blankenham by de gemeente De Kûnder. Fan 1818 oant 1973 wie it in selsstannige gemeente. Dêrnei waard er mei Aldemerk en De Kúnder gearfoege ta de gemeente Iselham. Yn 2001 waard dy gemeente part fan de nije fúzjegemeente Stienwikerlân.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Nederlânske herfoarme tsjerke fan 1825. De tsjerke is in sealtsjerke mei in sletten dakstoel mei achtkante spits. De tsjerke ferfong en eardere tsjerke fan 1816 dy't by wjerljochtynslach ferlern rekke wie. Dy tsjerke ferfong op syn bar in 15e iuwske tsjerke.
- Monumintale pleatsen oan de Hammerdijk en Lagerweg wêrûnder de stjelp Sophiahoeve fan 1900.
- It krûdhúske mei heechwetterkanon. It kanon, fan 1812 moast de ynwenners warskôgje foar oerstreamingsgefaar. It húske is fan 1912. Op Aldjiersdei 1963 waard it kanon stellen as âldjiersgrap troch de âldjiersferiening fan Luttelgeest. It kanon waard 18 dagen letter weromset.
Mienskip
bewurkje seksjeDoarpshûs De Skulpe is it doarpshûs en moetingsintrum fan it doarp.
Tsjerke
bewurkje seksjeDe protestantske gemeente Blankenham wurket in soad mei de gemeente fan buordoarp De Kúnder, mar is noch wol in selsstannige gemeente.
Eveneminten
bewurkje seksje- Doarpsfeest yn july om 'e twa jier yn even jierren en Keningsdei yn ûneven jierren
- Hippysk wykein Blankenham wurdt alle tredde wykeinen yn septimber holden.
=== Ferienings ===
- Fuotbalklup VV Blankenham
- Rydferiening en ponyklup De Dijkruiters
- Oranjeferiening Blankenham organisearret it doarpsfeest en keningsdei
- Fanfare Opnieuw Verenigd, muzykferiening
Ofbylden
bewurkje seksje-
Kanon en krûdhûske -
Bloksilerdyk -
Keunst op peallen -
Keunst op peallen
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Blankenham fan Wikimedia Commons. |
Stienwikerlân | ||
---|---|---|
Stêden: Bloksyl • Follenhove • Stienwyk | ||
Doarpen: Aldemerk • Belt-Schutsloot • Blankenham • Eesveen • Giteren • Kallenkote • De Kúnder • Ossensyl • Scheerwolde • Sint-Janskleaster • Stienwikerwâld • Wanneperveen • Willemsoard | ||
Buorskippen en útbuorrens: Baarlo • Baars • Barsbeek • Basse • Basserveld • Blauwe hand • De Bult • Doosje • Dinxterveen • Dwarsgracht • Eese • Heetveld • Iselham • Jonen • Kadoelen • Kalenberch • De Klosse (foar in part) • De Krieger • De Kolk • Leeuwte • Marijenkampen • Moespot • Molenhoek • Muggenbeet • Nederland • Onna • Paasloo • Poepershoek • De Pol • Roekebosch • Ronde Blesse • Ronduite • Thij • Tuk • Westeinde • Wetering • Witte Paarden • Zuideinde • Zuidveen | ||
· · |