Muggenbeet is in buorskip yn de gemeente Stienwikerlân yn de Nederlânske provinsje Oerisel. De buorskip falt ûnder it stedsgebiet fan Bloksyl en leit oan de dyk mei deslde namme dy't njonken N333 tusken Marknesse en Stienwyk rint. It plak hat likernôch 25 fêste ynwenners. Guon oare plakken yn de omkriten binne Baarlo, Nederland, Scheerwolde en Wetering.

Muggenbeet
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Oerisel
Gemeente Stienwikerlân
Sifers
Ynwennertal 25
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 45' NB, 5° 60' EL
De Muggenbeet út it westen wei sjoen
De Muggenbeet út it westen wei sjoen
Kaart
Muggenbeet (Oerisel)
Muggenbeet

It plak leit yn it Nasjonaal Park Weerribben-Wieden.

Om it jier 1000 hinne wiene der al in achttal lytse pleatsterpen yn de omkriten. Yn de jierren dêrnei setten Fryske kolonisten harren dêr nei wenjen, lykas yn Scheerwolde (1270) en Giteren (1150). It waaren typyske lânboudelsettings. Dy kolonisten kamen fan in grut feangebiet tusken Starum en Inkhuzen. Dat gebiet rekke troch swiere stoarmen, in heger wurdende seespegel en ynklinkende boaiem, dêr't de Sudersee troch ûntstie, hieltyd minder gaadlik te wenjen.

De namme fan it plak ferwiist nei it pleatslike wetterke en komt yn 1313 foar as Mugghenbete, yn 1384 as Muggenbete, yn 1391 en 1443 as Muggenbeke, yn 1456 as Muggenbeecke, yn 1467 as Muggenbeet, yn 1497 as Muggenbeeck, yn 1665 as Muggebeet en yn 1867 as Muggebeet. It earste part is it meartal fan mug (mich, stekneef - culex pipens). It twadde part, bete komt mooglik fan in heal-ferfryske foarm fan beek, in natoerlike wetterrin, lykas yn Beets. Yn 1391 wurdt it plak neamd as Muggenbeke, "beek mei in soad miggen". Lykwols yn it Fryske assibilisaasjeproses fan baki nei beets is dêr gjin tuskenfoarm fan bete. It wetter de Muggenbeet foarmet de bopperin fan it Modderrgat.[1]

Op inysjatyf fan steedhâlder Jan fan Ligny, greve fan Arenberch waard om 1550 hinne de Muggenbeet trochlutsen nei it Noarderdjip. Dat 800 meter lange stik waard it Moddergat neamd. Dêrtroch krige Muggenbeet in ferbining mei Bloksyl en dus de Sudersee. Om 1650 kaam de feanterij op gong yn de omkriten. Beken en wetterrinnen waarden kanalisearre, lykas de Stienwiker Aa dy't pleatslik de Muggenbeet of Möckenbeke neamd waard. Op skippen mei turf waard tol heft, it saneamde "mandejild". Al yn 1632 waard it Stienwikerdjip groeven en yn 1650 waard de Wetering nei Fryslân ta ferbrede. Troch it turfsekken waard it gebiet om Scheerwolde te sompich en sadwaande kamen in soad minsken út dy kontrei nei it justjes heger lizzende Muggenbeet. Troch it kanaalgraven waard Muggenbeet waard in fardoarp. Hieltyd mear minsken fêstigen har oan it wetter.

Yn de 18e iuw wie it suver dien mei de woltierigens. De feanters en turfstekkers lutsen nei it súdwesten fan Fryslân en mei de wettersneed fan 1825 rekke it doarp hast folslen ferwoastge.

Oarspronklik lei de buorskip op it punt dêr't de trije eardere gemeenten Amt Follenhove, Giteren en Stienwikerwâld oan inoar grinzgen. It part ûnder Amt Follenhove gie yn 1942 oer nei de gemeente Bloksyl, dy't yn 1973 opgie yn de gemeente Brederwiede. Yn 2001 gie dy wer op yn de fúzjegemeente Stienwikerlân.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Noaten
  1. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard. etymologiebank.nl (2018).
Boarnen
  Stienwikerlân  
Stêden:
BloksylFollenhoveStienwyk
Doarpen:
AldemerkBelt-SchutslootBlankenhamEesveenGiterenKallenkoteDe KúnderOssensylScheerwoldeSint-JanskleasterStienwikerwâldWanneperveenWillemsoard
Buorskippen en útbuorrens:
BaarloBaarsBarsbeekBasseBasserveldBlauwe handDe BultDoosjeDinxterveenDwarsgrachtEeseHeetveldIselhamJonenKadoelenKalenberchDe Klosse (foar in part)De KriegerDe KolkLeeuwteMarijenkampenMoespotMolenhoekMuggenbeetNederlandOnnaPaaslooPoepershoekDe PolRoekeboschRonde BlesseRonduiteThijTukWesteindeWeteringWitte PaardenZuideindeZuidveen
  ·   ·