Blaukrúnreadsturtsje

It blaukrúnreadsturtsje (Phoenicurus coeruleocephala) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e Muscicapidae (miggesnappers).

blaukrúnreadsturtsje

Mantsje

Wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai readsturtsjes (Phoenicurus)
soarte
Phoenicurus coeruleocephala
Vigors, 1831
IUCN-status: net bedrige
 
Blaukrúnreadsturtsje yn Pakistan.

It blaukrúnreadsturtsje is in lytse fûgel fan 13 oant 14 sm. De krún is yn 'e briedtiid opfallend blau en falt op tsjin it fierder donkere fearrekleed fan 'e fûgel. It bealchje fan 'e fûgel is op it boarst en de rêch blauswart, wylst de fûgel by de stút readbrún en de búk wyteftich is. De wjukken binne swart mei in opfallend wite bân fan 'e skouder oant de tertials. De snaffel, de poatsjes en de sturtfearren binne swart.[1]

It wyfke is fan boppe griisbrún en nei ûnder ta wat bleker. Nei de anaalstreek ta wurde de fearkes wyteftich.[2]

Fersprieding

bewurkje seksje

De fûgel komt fan it noardeasten fan Afganistan nei it noarden yn Tadzjikistan, Kirgyzje, it easten fan Oezbekistan en it súdeasten fan Kazachstan foar. Nei it easten rint it ferspriedingsgebiet by de Himalaya lâns yn it uterste noarden fan Pakistan en de Yndiaaske dielsteaten Himachal Pradesh en Uttarakhand en Nepal oant Bûtan.

It biotoop fan blaukopreadsturtsjes is gematigd bosk faak by snelstreamend wetter en wetterfallen op in hichte fan 2.000 oant 4.000 m. Blaukrúnreadsturtsjes ferlitten foar de wintermoannen de briedgebieten en migrearje dan nei legere of waarmere streken.

Iten en nêst

bewurkje seksje

Blaukrúnreadsturtsjes ite fral ynsekten, spinnen en oare wringeleaze dierkes. Yn 'e briedtiid ite se ek beien en fruchten. De nêsten wurde yn rotsspjalten, beamholtes of tusken strewellen by wetter boud. It wyfke dat ek it nêst boud, leit 3 oant 5 ljochtblauwe aaikes mei readbrune spikkels, dy't yn twa wiken útbret wurde. Beide âlders fersoargje en fuorje de jongen. Nei likernôch 15 oant 20 dagen fleane de jonge fûgels út. Se binne dan noch net selsstannich en wurde noch troch harren âlders fuorre.[3]

It blaukrúnreadsturtsje hat in grut ferspriedingsgebiet en alhoewol't net bekend is hoe grut de populaasje is, wurdt der oannommen dat de oantallen stabyl binne. Dêrfandinne wurdt de fûgel op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: