Blohm & Voss BV 222
Blohm & Voss BV 222 Wiking | |
---|---|
Rol | Transportfleantúch, ferkenningsfleantúch |
Makker | Blohm & Voss |
Untwerper | Richard Vogt |
Earste flecht | 7 septimber 1940 |
Yn tsjinst | 1941 |
Tal makke | 13 |
Brûker | Luftwaffe |
De Blohm & Voss BV 222 Wiking wie in grutte Dútske fleanboat út de Twadde Wrâldoarloch. Trije fan dizze fleantugen mei seis motors, ûntwurpen fanwege Lufthansa, waarden op 19 septimber 1937 troch Lufthansa besteld foar tsjinst op langeôfstânsrûtes. Fanwegen it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch op 1 septimber 1939 waarden dy tastellen omboud ta militêre transport- en ferkenningsfleantugen en waarden der noch mear tastellen fan itselde ûntwerp produsearre foar de Luftwaffe.
De earste flecht wie op 7 septimber 1940. Der waarden nei alle gedachten 13 tastellen boud, wêrûnder de prototypen V 1 oant V 8. De searjefarianten waarden oantsjut as C-09 oant C-13, dêr 't de lêste noch net fan foltôge wie oan 'e ein fan 'e oarloch.
It wie de grutste fleanboat dy 't de operasjonele status berikte yn de Twadde Wrâldoarloch.
Konstruksje
bewurkje seksjeIt ûntwerp waard foar it grutste part útfierd troch de haadûntwerper Richard Vogt en befette tal fan technyske ynnovaasjes. De fleanboat hie in lange flakke flier yn de kabine en in grutte rjochthoekige frachtdoar oan de rjochterkant fan de romp efter de fleugel . Oarspronklik waard de BV 222 oandreaun troch Bramo 323 Fafnir stjermotors, letter waarden seis Jumo 207 C-motors mei tsjinstelde sûgers brûkt. It brûken fan disel makke bytanke út ûnderseeërs wei mooglik. Mar ien eksimplaar fan de BV 222 C-13 waard boud mei in Jumo 205 C, letter ek in Jumo 205 D.
Foar de plande trans-Atlantyske tsjinst waard it ynterieur fan de BV 222 ferdield yn in boppedek, in ûnderdek en in ûnderwetterdek. It middenûnderdek wie gewoanwei ûntwurpen foar 24 passazjiers, en foar 16 passazjiers op nachtflechten. It foarste en achterste part fan it dek wiene bedoeld foar bagaazje. It lúksueuze ynterieur fan it passazjierskompartimint waard ûntwurpen troch Erdmann & Rossi. De passazjiers waarden ûnderbrocht yn fjouwer hutten, dy 't ûnder nachtflechten omboud wurde koene ta acht dûbeldeks sliepplakken foar elk twa persoanen boppe en ûnder. De fleanboat hie ek in kombuis en in ytkompartimint mei in yttafel en in bar. By it útbrekken fan de oarloch wie lykwols allinnich in mock-up fan it passazjierskompartimint foltôge.
Foar militêr gebrûk waard in HD 151 geskutskoepel taheakke oan de efterkant fan de romp efter de cockpit. Twa oare geskutskoepels wiene op de fleugels. Tagong wie mooglik fia in buisfoarmige fleugellizzer mei in diameter fan ien meter. Op deselde wize koene monteurs de motoaren ûnder de flecht berikke.
Operasjonele skiednis
bewurkje seksjeFan 1941 ôf fleach BV 222 ôf as ûnderdiel fan Lufttransportstaffel 222 transporten nei Noard-Noarwegen en om troepen yn Noard-Afrika te befoarrieden, benammen nei Tripoli. Oare fleantugen fan de 1. (Fern/See) Aufklärungsgruppe 129 fleagen harren missys fan in oernommen Frânske fleanboatbasis ôf by Biscarrosse, flakby de Golf fan Biskaje. Yn juny 1943 waarden V 3 en V 5 dêr op harren lâningsplak ferneatige troch De Havilland DH .98 Mosquito's fan de RAF.
V 6 en V 8 waarden ûnôfhinklik fan inoar delsketten boppe de Middellânske See. V 1 waard ferneatige by in lâningsûngelok by de haven fan Piraeus, de C-10 troch nachtjagers fan de RAF tsjin de ein fan 1943.
Nei de ynvaazje yn Normandië foarmen de oerbleaune BV 222's in ienheid binnen it strang geheime Kampfgeschwader 200, wêrfan 't der ien, de C-09, ferneatige waard troch P-51 Mustangs op syn lisplak yn de Baltyske haven fan Travemünde. Letter yn de oarloch waarden de V 7 en V 4 te sink brocht by respektyflik Travemünde en Kiel-Holtenau.
De V 2 en C-12 waarden nei de oarloch finzen naam by Sørreisa yn Noarwegen en nei Trondheim flein. Dy twa fleantugen wiene klearmakke op befel fan Hitler syn piloat Hans Baur yn 1945 om Hitler by need oer Grienlân nei Japan te fleanen. Nijsgjirrich genôch waard dy operaasje sels nei Hitlers dea fuortset, sa 't bliken docht út oarders fan 1 maaie 1945. In kopy fan in oarder oan luitenant-kolonel Lenschow, Kdr. K-Stelle, Fleanbasis Travemünde, bestiet noch hieltyd yn argivearre foarm. De navigator fan ien fan dizze fleantugen, kapitein Ernst König, befêstige dit yn de âldens fan 93 jier. Twa oare fleantugen ornearre foar dizze missy waarden ferneatige op harren lâningsplak yn Dútslân (ien fan harren kin de C-09 west hawwe).
It is de hjitting dat it teminsten ien BV 222 slagge om yn in B-24 Liberator fan de VB-105 del te sjitten. Dat loftgefjocht wie op 22 oktober 1943 en is sûnt dy tiid faak beskreaun as it delsjitten fan in Avro Lancaster.
Befoarrieding fan de troepen yn Noard-Afrika yn desimber 1942
bewurkje seksjeOm de hieltyd dringender wurdende oanfier fan foarrieden en yn it bysûnder brânstof foar de troepen yn de Noard-Afrikaanske kampanje te ferbetterjen, waarden de lytse en stadige Ju-52 transporten stipe troch trije fan dizze enoarme BV-222 fleanboaten út Súd-Italië wei. Op 10 desimber 1942 slagge it de op Malta stasjonearre Beaufighters fan 227 RAF Squadron om de formaasje fan trije BV fleantugen (V 1, V 4 en V 8) oan te fallen, dy 't net genôch beskerme wiene troch jagers. De fleantugen wiene ûnderweis fan Taranto yn Italië nei Tripoli yn Libië. Ien BV 222, de “X 7 + HH” (WNr. 310008, V 8) waard delsketten súdlik fan Malta om moarns 7:35. Foar de ienmotorige Messerschmitt Bf 109, mei syn beheind fleanberik, wie de lange rûte oer iepen see net helber as eskortejager. De twamotorige Messerschmitt Bf 110 hie de beskerming oernimme kinnen, mar tsjin dy tiid wie Zerstörergeschwader 26 Horst Wessel al tefolle ferswakke.
Technyske gegevens
bewurkje seksjeParameters | Feiten |
---|---|
Bemanning | 16 |
Transportkapasiteit | 92 Soldaten |
Lingte | 37 m |
Spannweite | 46 m |
Hichte | 10,90 m |
Fleugeloerflak | 255 m² |
Fleugellingte | 8,3 |
Gewicht leech | 30.650 kg |
Startgewicht | 49.000 kg |
Krúsfaasje | 257 km/o |
Heechste faasje | 390 km/o |
Tsjinstplafond | 7.300 m |
Fleanberik | 6.095 km |
maks. fleantiid | 28 oere |
Klimfaasje | 2,50 m/s |
Brânstofkapasiteit | 18.333 kg |
Oandriuwing | 6 × diselmotors Jumo 207C |
Bewapening | 3 × 20-mm-MG 151/20 en 4 × 13-mm-MG 131 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |