Blurred Lines
Blurred Lines ("Ferdizene Grinzen") is in liet dat op 26 maart 2013 as single útbrocht waard yn in útfiering troch de Amerikaanske sjonger Robin Thicke, mei meiwurking fan 'e sjongers T.I. en Pharrell Williams. It makke ek diel út fan Thicke syn album mei deselde namme. Blurred Lines waard fierhinne skreaun troch Pharrell Williams yn 2012, dy't him dêrby nei eigen sizzen ynspirearje liet troch it nûmer Got to Give It Up, fan Marvin Gaye, út 1977, al hold Thicke letter yn in fraachpetear mei it parseburo Reuters út dat hysels ek in wichtich oandiel yn it skriuwen fan it liet hân hie. Blurred Lines, dat in mjuks fan R&B, dance-pop en funk is, waard produsearre troch Pharrell Williams foar platemaatskippij Star Trak Recordings.
Blurred Lines | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Robin Thicke (feat. T.I. en Pharrell Williams) | |
album | Blurred Lines | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | R&B, dance-pop, funk | |
útbrocht | 26 maart 2013 | |
opnommen | 2012 | |
doer | 4:23 | |
label | Star Trak Recordings | |
skriuwer | Robin Thicke, Pharrell Williams, T.I. | |
komponist | Pharrell Williams, Robin Thicke | |
produsint | Pharrell Williams | |
resultaten | ||
ferkocht | 14,8 miljoen stiks | |
hitlisten | nû. 1 yn 22 lannen | |
sertifisearre | (diamant oftewol 12× platina) sjoch fierder by Resultaten |
Tekst en Fideoklip
bewurkje seksjeDe fideoklip dy't foar Blurred Lines makke waard ûnder rezjy fan Diane Martel soarge foar grutte kontroverse trochdat der behalven Thicke en de oare beide muzikanten ek trije modellen yn te sjen wiene, Emily Ratajkowski, Jessi M'Bengue en Elle Evans, dy't topless omdûnsen. Dêrnjonken waard ek in twadde, sinsurearre ferzje makke, wêryn't de froulju wol oanklaaid wiene. De orizjinele ferzje waard op in stuit ferwidere fan YouTube om't de gedrachsregels oangeande neakenens dy't dy webside hantearret, dertroch oantaast wurde soene. Letter waard de fideoklip wol wer talitten, mar sûnt is men ferplichte om yn te loggen om dizze fideoklip te sjen (sa soe jins leeftyd checkt wurde kinne, mar men kin fansels wol fan alles ynfolje, en YouTube hat de middels noch it rjocht om 'e wierheid dêrfan nei te gean).
Benammen troch de fideoklip, mar ek troch de tekst fan it liet, dy't frou-ûnfreonlik wêze soe en date rape oanmoedigje soe, stiek der in stoarm fan protest op doe't Blurred Lines útkaam. Benammen yn 'e Feriene Steaten is it nûmer omstriden, mar ek yn Grut-Brittanje, dêr't it ferbean is op universiteiten en oare ûnderwiisynstellings. Wat de tekst oangie, wie steen des aanstoots fral it faak werhelle I know you want it ("Ik wit datst it hawwe wolst" – wêrby't "it" fansels foar seksuële omgong stiet). Soks soe froulju ta objekt meitsje en harren har frije kar ûntnimme. Resinsinte Jennifer Lai, fan it muzyktydskrift Slate skreau dêroer dat der dúdlik guon frou-ûnfreonlike eleminten yn it liet sitte, "mar neat oan 'Ik wit datst it hawwe wolst' seit fan 'Ik wit datst it hawwe wolst en ik sil dy twinge om it te nimmen' [...] Ja, 'Ik wit datst it hawwe wolst' kin de tekst fan in ferkrêfter wêze, mar itselde kin sein wurde fan 'Hast sin om jûn nei de bioskoop te gean?' "
Resultaten
bewurkje seksjeNettsjinsteande alle krityk (of miskien wol krekt dêrtroch) wie Blurred Lines in ûnbidich súkses, dat it earste plak op 'e hitlisten helle yn Austraalje, Brazylje, Dútslân, Eastenryk, Fenezuëla, de Feriene Steaten, Flaanderen, Frankryk, Grut-Brittanje, Hongarije, Ierlân, Israel, Kanada, Lúksemboarch, Meksiko, Nederlân, Nij-Seelân, Poalen, Portegal, Spanje, Súd-Afrika en Switserlân. Yn 'e Feriene Steaten wie it de langstsittende nûmer 1-hit fan 2013 en fan it hiele desennium. Neitiid ûntjoech it liet him ta ien fan bêstferkeapjende singles aller tiden, mei 14,8 miljoen ferkochte eksimplaren wrâldwiid. Ek bruts it it rekôr fan it grutste radiopublyk yn 'e skiednis en waard it nominearre foar twa Grammy Awards, foar plaat fan it jier en foar bêste optreden fan in popduo of -groep. Troch syn súkses waarden fan it nûmer, mar fral fan 'e fideoklip, withoefolle parodyen makke.
Blurred Lines waard sertifisearre as:
(diamant oftewol 12× platina)
(9× platina)
(platina)
(platina)
(diamant oftewol 12× platina)
(platina)
(3× platina)
(diamant oftewol 12× platina)
(4× platina)
(9× platina)
(3× platina)
(5× platina)
(2× platina)
(goud)
(2× platina)
(3× platina)
Juridysk skeel
bewurkje seksjeBlurred Lines soarge foar noch mear opskuor doe't it de ynset waard fan in bitter juridysk toulûken tusken Thicke en Williams oan 'e iene kant en de erven fan Marvin Gaye en Bridgeport Music oan 'e oare kant, oer de fraach oft it liet ynbrek makke op 'e auteursrjochten fan Got to Give It Up. Yn maart 2015 besliste in Amerikaanske federale sjuery dat dat yndie sa wie, en waarden Thicke en Williams feroardiele ta it beteljen fan $7,4 miljoen oan skeafergoeding. Hoewol't Pharrell Williams tajout dat Blurred Lines in ôflaat wurk is, sprekt er tsjin dat it om plagiaat giet, sa't de útspraak fan 'e sjuery hawwe wol. De mienings fan ekspêrs wiene fuort nei de útspraak ferdield; wylst guon it dermei iens wiene, sprieken oaren fan "in gefaarlik presedint", mei't de oerienkomsten tusken Got to Give It Up en Blurred Lines neat bysûnders binne en sadwaande no in grut diel fan 'e hjoeddeiske popmuzyk as plagiaat beskôge wurde kin.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) De orizjinele ferzje fan Blurred Lines op YouTube (ynloggen fereaske)
- (in) De sinsurearre ferzje fan Blurred Lines op YouTube
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |