Boarch Klopp
De Boarch Klopp (Dútsk: Burg Klopp) is hichteboarch yn Bingen am Rhein yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts. De boarch waard yn it midden fan de 19e iuw werboud troch de rike keapman Ludwig Cron út Keulen. De boarch is sûnt 2002 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Oberes Mittelrheintal.
Boarch Klopp | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Mainz-Bingen | |
plak | Bingen am Rhein | |
koördinaten | 49° 57' N 7° 53' E | |
Skiednis | ||
stifter | Karfoarstendom Mainz | |
stiftingsjier | 1240-1277 | |
hjoeddeiske steat | yntakt nei weropbou | |
Oars | ||
type | hichteboarch | |
hjoeddeisk gebrûk | tsjinstgebou gemeente, museum yn de toer | |
bysûnderheden | ûnderdiel UNESCO-wrâlderfgoed | |
monumintale status | Kulturdenkmal | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeTegearre mei de boarch Ehrenfels oan de oare kant fan de Ryn en de yn de 14e iuw boude Mûzetoer yn de Ryn moast de yn de jierren 1240-1277 boude boarch Klopp de tolgrins fan de Ryn beweitsje. Oars as wol ornearre wurdt is it net oannimlik dat de boarch in Romeinske oarsprong hat, om't neffens resint ûndersyk de berch dêr't it kastiel op stiet nea ûnderdiel west hat fan it Romeinske Bingium.
Nei't aartsbiskop Diederik Schenk fan Erbach de stêd en de boarch ferkocht oan it domkapittel fan Mainz, tsjinne de boarch om tafersjoch op de nei selstannigens stribjende stêd te hâlden. Nei in ferneatiging yn de Tritichjierrige Kriich folge in weropbou, mar yn 1689 waard de boarch troch Frânske troepen ferneatige. De lêste resten fan de âlde boarch waarden yn de Spaanske Súksesjekriich yn 1711-1712 troch Mainz opblaasd om tefoarren te kommen dat de fijân de boarch brûke koe.
De ruïne kaam yn 1853 yn hannen fan de út Keulen ôfkomstige keapman Ludwig Maria Cron, dy't in grutskalige weropbou útfiere liet. It hjoeddeiske kastiel is it risseltaat fan in yn it ramt fan de Rynromantyk werboud kastiel. Brêge, poarte en wargong mei de toer waarden yn opdracht fan Cron boud. Yn de jierren 1875-1879 liet de arsjitekt en boargemaster Eberhard Soherr it neogoatyske haadgebou delsettte. Midsiuwsk binne allinne de ûnderste dielen fan de toer, de slotgrêft en dielen fan de súdlike ringmuorre mei resten fan in wargong.
Sûnt 1897 brûkt it stedsbestjoer it kastiel. Yn de toer is in museum ûnderbrocht. De toer is fan de maitiid oant de hjerst iepen om in besite te bringen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur, op dizze side.
|