Boerûpappegaaido

De Boerûpappegaaido (Treron aromaticus) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Boerûpappegaaido

mantsje.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron aromaticus
Gmelin, 1789
IUCN-status: gefoelich
 
tekening Treron aromaticus
John Gerrard Keulemans (1842–1912).

Boerûpappegaaidowen binne middelgrutte pappegaaidowen fan 28 sm. lang. It belangrykste ûnderskied tusken wyfkes en mantsjes is de kleur fan 'e mantel. Wyfkes ha dêr gjin kastanjebrune kleur en by mantsjes wurdt de mantel fan in grize bân fan 'e nekke ôfgrinzge. De foarholle is wyteftich en de krún oant de nekke griis. De nekke en de rêch binne donkergrien.Oer it each rint in smelle oliifkleurige eachstreek. It kin en de kiel binne griengiel en it boarst is ljocht oliifkleurich oant wytich. De iris is rôze mei in fealblauwe bûtenring. De eachring is blau. De waakshûd en de snaffelbasis binne donker, wylst de punt fan 'e snaffel blaueftich is. De poaten binne read.

De lytse earmfearren binne donker laaigriis. De oare earmfearren binne oliifkleurich oant swart en ha giele rânen. De sekundêre slachpinnen en de haadslachpinnen binne swart mei in ljochtgiele râne. De dekfearren fan 'e ûndersturt binne grien-wyteftich, de middelste stjoerfearren oliifkleurich en de oare stjoerfearren binne op 'e boppekant oliifkleurich oant griis. Oer de bûtenste stjoerfearren ferrint in brede bleekgrize einbân.

Fersprieiding en systematyk

bewurkje seksje

De soarte is endemysk op it Molukske eilân Boerû. It is in monotypyske fûgel, d.w.s. dat de fûgel gjin ferdieling yn ûndersoarten hat.

De fûgel waard earder mei oare soarten by de Treron pompadoura yndield. Guon dogge dat noch jimmeroan. De Treron pompadoura stiet no bekend as de Srylankaanske pappegaaido.

De soarte bestiet út 10.000 oant 20.000 fûgels yn in lyts, mar noch net fragmintearre ferspriedingsgebiet. It is wis dat it oantal fûgels troch it ferlies fan biotoop en yn mindere mate troch de jacht tebekrint. De Boerûpappegaaido wurdt troch de IUCN op basis fan dy gegevens as gefoelich klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: