Srylankaanske pappegaaido

De Srylankaanske pappegaaido (Treron pompadora) is in fûgel fan it skaai pappegaaidowen (Treron) út de famylje dofûgels (Columbidae).

Srylankaanske pappegaaido

mantsje.

wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai pappegaaidowen (Treron)
soarte
Treron pompadora
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige

Beskriuwing bewurkje seksje

De Srylankaanske pappegaaido is in middelgrutte griene do fan likernôch 28 sm. De fûgel heart ta de Pompadour-groep fan seis soarten, dy't foarhinne as ien soarte behannele waard. Se ha allegear in readbrune rêch by it mantsje (grien by it wyfke), giele en swarte rânen oan 'e wjukfearren en in grize punt oan 'e sturt.

Binnen de soartegroep ûnderskiedt de Srylankaanske pappegaaido him fan 'e geografysk meast oanbuorjende Yndiaaske pappegaaido (T. affinis) troch syn giele foarholle (net wyteftich), wite ûnderste sturtdekfearren yn stee fan krêmbrún, in langere snaffel en sturt, mar koartere en mear hoekige wjukken en doffer brún op 'e rêch en grien op 'e stút.

De soartgelikense groubekpappegaaido (T. curvirostra) ûnderskiedt him troch in sterkere snaffel mei in reade basis en in grieneftige eachring.

Fersprieding bewurkje seksje

De soarte is endemysk op Sry Lanka en komt hast op it hiele eilân foar.

Status bewurkje seksje

De populaasje fan 'e fûgel liket ôf te nimmen, al is der net bekend hoe grut dy populaasje is. Oannommen wurdt dat de ûntwikkeling fan 'e populaasje net yn 'e buert komt foar de betingsten, dy't foar de status 'gefoelich' jilde. De soarte wurdt neffens de Reade list fan it IUCN dêrom as 'net bedrige' klassisifisearre. .

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: