Bombardemint

(Trochferwiisd fan Bombardearjen)

In bombardemint (fan it Frânske bombardement) is it oanhâldend besjitten of bestoken mei bommen fan in beskaat objekt, lykas in gebou, in stêd of in posysje fan fijannige troepen. Soks is sûnt de útfining fan fjoerwapens en eksplosiven oan 'e ein fan 'e Midsiuwen in fêste strategy op it mêd fan oarlochfiering. As wurd is 'bombardemint' ôflaat fan 'e bombarde, in ier soarte fan kanon. It doel fan in bombardemint is ornaris om it besketten of mei bommen bestookte objekt skea ta te bringen, te ferneatigjen of bûten wurking te stellen, en dêrmei de fijân te twingen ta weromlûking of oerjefte.

In loftbombardemint troch in Amerikaanske bommesmiter fan it type B-52 Stratofortress ûnder de Fjetnamoarloch.

Yn 'e bredere sin kinne ek de besjittings fan belegere stêden mei grutte stiennen of rotsblokken troch grutte kattepûlen en trebûsjees, sa't dy yn 'e Aldheid en de Midsiuwen foarkamen, beneamd wurde as bombardeminten. Fan 'e útfining fan it kanon ôf, oan 'e ein fan 'e Midsiuwen, oant de iere tweintichste iuw waarden alle bombardeminten útfierd troch middel fan artillerybesjittings. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waarden foar it earst (sij it sporadysk) loftbombardeminten útfierd, wêrby't bommen útsmiten waarden út fleanmasines. Oan de ein fan dy oarloch ferskynde in nij soarte fleantúch foar dat doel, de bommesmiter, bygelyks de Dútske Gotha G.IV en de Britske Vickers Vimy.

In bombarde.

Yn it Ynterbellum waard de bommesmiter fierder ûntwikkele. Ien fan 'e earste grutte (en tige kweaferneamde) loftbombardeminten wie it Bombardemint fan Guernica troch de Dútske Luftwaffe, ûnder de Spaanske Boargeroarloch, yn 1937. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waarden loftbombardeminten almar grutskaliger útfierd, lykas by it Dútske Bombardemint fan Rotterdam, yn 1940, de Dútske bombardeminten fan Britske stêden ûnder de Slach om Ingelân en it Britske Bombardemint fan Dresden, yn 1945. De oarloch einige mei de Amerikaanske Atoombombardeminten fan Hiroshima en Nagasaki, op 3 en 6 augustus 1945, wêrby't yn Japan mear as hûnderttûzen minsken omkamen. Ek yn 'e Fjetnamoarloch waard in hiel soad gebrûk makke fan loftbombardeminten.

Der moat ûnderskie makke wurde tusken twa soarten bombardeminten. In taktysk bombardemint is rjochte tsjin fijannige troepen, oanfierlinen en kommandosintra yn 'e direkte neite fan it front. In strategysk bombardemint is lykwols rjochte tsjin it fermogen fan 'e fijân om oarloch te fieren: dêrta wurde dan yndustry, ynfrastruktuer en/of de boargerbefolking bombardearre. Foar taktyske bombardeminten is sekuerens fereaske, en dy wurde dêrom almeast útfierd troch lytse, flugge en manûvrearbere bommesmiters. By strategyske bombardeminten giet it benammen om de hoemannichte bommen dy't útsmiten wurde, en sokke bombardeminten wurde dêrom útfierd troch grutte, trage, heech fleanende bommesmiters. Tsjintwurdich wurde bombardeminten fan 'e boargerbefolking as in oarlochsmisdie en dêrom as ûntalitber beskôge. Lykwols falle by taktyske bombardeminten ek geregeldwei boargerslachtoffers; dat wurdt dan ôfdien as collateral damage ("bykommende skea").

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.