Boris Vilkitski

(Trochferwiisd fan Boris Andrejevitsj Vilkitski)

Boris Andrejevitsj Vilkitski (22 maart/3 april 1885 Greg.) — 6 maart 1961) wie in Russyske hydrograaf en ûntdekkingsreizger. Hy wie de soan fan Andrej Ippolitovitsj Vilkitski.

Boris Andrejevitsj Vilkitski

Vilkitski studearre ôf oan de Marine Akademy yn Sint Petersburch yn 1908 en die mei yn de Russysk-Japanske Kriich fan 1904-1905. Yn 1913—1915 late er de hydrografyske poalekspedysje op de iisbrekkers "Taimyr" en "Vaigasj" mei it doel om de Noardlike Seerûte fierder te ferkennen.

De Taimyr en de Vaigasj (1913)

Vilkitsky's ekspedysje ûntduts yn 1913 it Noardlân (arsjipel), faaks ien fan de wichtichste Russyske ûntdekkings yn it poalgebiet yn dy tiid. Fierders fûn er in eilân dat no Vilkitski Eilân hjit, en ek de eilannen fan Maly Taymyr en Starokadomski, ek yn dy kriten. Yn 1914—1915 makken Vilkitski-en-dy de earste fartocht fan Vladivostok nei Archangelsk en ûntdekten doe Novopashenniy (dat no Zhokhova Eilân neamd wurdt), en beskreau de súdkusten fan de Noardlân-arsjipel.

Yn 1918 waard Vilkitsky beneamd as haad fan de earste Sovjet hydrografyske ekspedysje, mar dat gie net oan út reden fan de oermastering fan Archangelsk troch útlânske grutmachten (dy't it Wite Leger stipen yn de boargerkriich). Vilkitski emigrearre yn 1920 nei it Feriene Keninkryk. Yn 1923 en 1924 hie er de lieding oer kommersjele ekspedysjes yn de Karasee. Hy waard dêrta útnûge troch hannelsorganisaasjes fan de Sovjet Uny.

Letter yn syn libben hie Vilkitsky wurk as hydrograaf yn Belgysk Kongo. Boris Vilkitsky stoar yn Brussel yn 1961.

Der binne in protte geografyske plakken yn Ruslân dy't Vilkitsky's namme krigen hawwe:

  1. Map Trot, Russia