Borneroard is in Nederlânsk-herfoarme sintrum foar geastlik beheinden yn Beetstersweach.

Yn maart 1972 waard begûn mei 48 pupillen, yn juny 1974 wie de offisjele iepening. Yn desimber dat jier wie de ynstelling mei 272 pupillen (fan alle leeftiden) fol. Hjirfan kamen 160 út Fryslân, 70 út Grinslân en 50 út Drinte. It persintaazje 'idioaten' sa't swaksinnigen doe noch neamd waarden wie 47%, lanlik wie dat doe 25%. Hjirtroch wie der net folle ferrin. Yn 1974 wienen der ± 260 personielsleden op Borneroard.

Borneroard gie yn 1994 earst mei ferskate organisaasjes (wêrûnder De Terp) op yn Heechhout Kaai. Op 1 jannewaris 2002 gienen Heechhout Kaai, Maartenswouden en D.A.G. Friesland op yn Talant. Talant gie yn 2022 op yn Alliade [1]

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: