In brâningspylder is in geologyske lânfoarm dy't oan see stiet of in koart eintsje foar de kust yn see (yn 'e brâning, dêrfandinne de namme). De lânfoarm bestiet út in steile en faak fertikale rotsformaasje dy't wol wat wei hat fan in arsjitektoanyske pylder.

De Tolve Apostels, in groepke brânings-pylders foar de kust fan 'e Australyske steat Fiktoaria.

Brâningspylders wurde foarme troch in proses fan eroazje, wêrby't wyn en wetter oer in perioade fan miljoenen jierren de sêftere dielen fan in seeklif it earst fuortslite, sadat de hurdere dielen los fan it klif komme te stean. Uteinlings sil troch de oanhâldende eroazje ek de brâningspylder sels fuortsliten wurde. By dat proses wurdt er faak oan 'e basis of yn 'e midden it earst ôfsliten, sadat er lang om let ynstoart en de boppeste ein as pún yn see komt te lizzen.

Brâningspylders kinne wichtige nêstlokaasjes wêze foar ferskate soarten seefûgels.

In bekende brâningspylder, en de iennichste yn 'e Fryske gebieten, is de Lange Anna, foar de kust fan it eilân Hilgelân, yn 'e Dútske Bocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.