Fryslân (wengebiet)

(Trochferwiisd fan Grut-Fryslân)

Fryslân is it wengebiet fan de Friezen oan de Waadseekust yn Nederlân en Dútslân.It gebiet stiet ek wol bekend as Grut-Fryslân (Magna Frisia) of de Fryslânnen.

Fryslân
De hjoeddeistige regio Fryslân
De hjoeddeistige regio Fryslân
emblemen
polityk
soarte gebiet kultuergebiet yn Nederlân en Dútslân
lân Nederlân
Dútslân
grutste plak Grins
Talen Frysk, Sealtersk, Noardfrysk, Nedersaksysk, Nederlânsk, Dútsk en Deensk
Dialekten Aastersk, Amelânsk, Eastfrysk, Fering, Grinslânsk, Hallichfrysk, Halûndersk, Hylpersk, Karhiirder, Klaaifrysk, Midslânsk, Mooring, Noardhoeksk, Öömrang, Skylgersk, Skiermûntseagersk, Sölring, Súdjutsk, Súdwesthoeksk, Stedfrysk, Stellingwerfsk, Wâldfrysk, Westfrysk
Ynwennersnamme Fries
sifers
ynwennertal 2.678.792 (2020)
oerflak 13.482,7 km²
befolkingstichtens 20 /km²
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

Regio's

Dat wengebiet bestiet út ferskate regio's mei in eigen karakter:

De Ynterfryske Rie hat fertsjintwurdigers út de trije seksjes: West, East en Noard, dy't ek wol de "Trije Fryslannen" neamd wurde.

Yn it Noardhollânske West-Fryslân en yn Grinslân libbet de Fryske identiteit net mear, mar wol in regionale identiteit. Yn it Eastfryske en Noardfryske kultuergebiet en yn it Westerlauwerske Fryslân bestiet de Fryske identiteit dêrfoaroer wol.

Namme

De namme fan Fryslân komt fan de stamme fan de Friezen, dy't de Romeinen Frisii neamden. Dy namme soe mooglik om in leanwurd fan it Proto-Germaanske frisaz, itjinge "krol" bestjut nei ferwizing ta de krolhierren (frisle yn it Aldfrysk, frizzle yn it Ingelsk) fan de bewenners: sjoch ek "frisselje" yn hjoeddeistich Westerlauwersk Frysk.

Skiednis

  De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan Fryslân.

Stamgebiet

It wengebiet fan de Friezen is yn de rin fan de iuwen nochal feroare. Yn de Aldheid wennen de Friezen, in Germaanske stamme troch de Romeinen Frisii neamd, yn it Frysk/Grinslânske klaaigebiet. Yn de snuorje fan it Grutte Folkeferfarren rekke it gebiet foar in grut part ûnbewenne, omreden oerstreamings en kâldere temperatueren. Yn de iuwen dêrnei waard it gebiet befolke troch oare Germaanske folken, lykas de Angelen, Saksen en Juten. Dy folken dy't harren yn it wengebiet fan de Frisii nei wenjen setten, neamden harsels of waarden troch harren buorfolken letter as Friezen oantsjut. Harren wengebiet struts him út oan it kustgebiet fan Swin yn Belgje oant de Weser yn Dútslân. Neffens histoarikus Pieter Boeles hie it begryp "Friezen" ynearsten earder in poltike as in etnyske betsjutting, mar ûntjoech him letter stadichoan ek as in etnyske groep.

Keninkryk

 
Fryslân ûnder kening Redbad yn 716, sa't de histoarisy it foarstelden. Neffens aktuele opfettingen regearren de keninginnen allinnich it westlike diel.

It gebiet fan de Friezen bestie út lytse keninkrykjes dy't yn tiid fan kriich troch in hartoch oanfierd waard. Yn de sande iuw ûntstie der nei alle gedachten in mear sintraal keningskip ûnder keningen lykas Aldgillis en Redbad. De stêden Utert en Doarestêd hearden yn dy tiid ek ta it Keninkryk Fryslân, letter troch skiedkundigen (wat misleidend) Magna Frisia of Grut-Fryslân) neamd. De Friezen hiene gauris striid mei de oanbuorjende Franken, benammen om de rivierdelta fan de Ryn-Maas-Skelde.

Nei't Redbad yn 719 ferstoar naam de Frankyske kening Karel Martel Frisia westlik fan de Fly, West-Frisia, yn. Yn 734 fersloech er de Fryske kening Poppo en waard Fryslân westlik fan de Lauwers ynlive. Karel de Grutte oermastere Fryslân tusken Lauwers en Weser, East-Frisia, yn de snuorje fan de Saksekriich. Under Frankysk bewâld waard it Frysk gebiet kerstene en waard Utert in tsjerklik sintrum. Guon Friezen, dy't it Karolingyske Ryk ûntflechtsje woene, setten harren nei wenjen oan de kust fan Sleeswyk en kolonisearren dat gebiet, dat letter Noard-Fryslân wurde soe. Yn de njoggende iuw wie Frisia doelwyt fan ynfallen fan de Wytsingen. Om de frede te bewarjen liende de Eastfrankyske kening Fryslân út oan de Wytsingekening Godfryd, dy't himsels kening fan Fryslân neamde. Godfryd waard by in gearspanning yn Nimwegen fermoarde en de Eastfrankyske kening beleane de Westfryske greve Gerulf en de Utertske biskop mei gebieten yn West-Frisia. Dat wie it begjin fan it prinsbisdom Utert en it greefskip Hollân.

Fryske Frijheid

 
De Fryske Seelannen yn de snuorje fan de Fryske Frijheid

It Westfryske gebiet boppe de rivier de IJ bleau ynearsten bûten de machtsfear fan de Hollânske greven. Yn dat gebiet, mank mei de oare Fryske gebieten, waard de Fryske Frijheid útoefene. Dy Frijheid betsjutte dat yn de Fryske gebieten gjin lânshear, lykas yn oare parten fan Jeropa, oanwêzich wie. De Fryske goaen wiene winliken selsstannige boererupbliken dêr't fertsjintwurdigers elts jier op tiisdei nei pinkstermoandei byinoar kamen by de Opstalbeam by Auwerk. Yn 1287 nei de Grutte Stoarm rekke West-Fryslân fan de rest fan Fryslân skaat om't de Sudersee ûntstien wie. Dêrtroch koe de Hollânske greve Floaris V West-Fryslân oermasterje.

De rest fan it Fryske gebiet, fan Sudersee oant justjes oer de Weser, tota frisia - hiel-Fryslân - neamd , bleau de Fryske Frijheid bestean. Oan de ein fan de fjirtjinde en yn de fyftjinde iuw boazen de strideraasjes tusken Skieringers en Fetkeapers oan. Lang om let makken dêr ek bûtenlânske machten gebrûk fan dy stitewaasje. Earst rekke de stêd Grins dêr by behelle. De stêd ûntstie lykwols as in Saksysk/Drintsk doarp, dy't troch de Rooomsk-dútske keizer yn 1040 mei Drinte oan de biskop fan Utert yn lien jûn waard. De stêd waard hieltyd machtiger en koe him fan de macht fan de Utertske biskop ûntlûke. Boppedat waard de stêd lid fan de machtige Hânze, in ferbûn fan ferskate Noarddútske hannelstêden. De stêd begûn him hieltyd faker mei Fryske saken te bemuoien en beskôge himsels doe ek as in Fryske stêd. Yn 1382 sleat de stêd in ferbûn mei Hunzegoa en yn 1428 mei de oare Ommelannen, in namme dêr't de Fryske lannen tusken Lauwers en Iems dêrnei nei ferwiisd waarden.

Ein fan de Fryske Frijheid

 
Edzard de Grutte

Yn East-Fryslân bestie de striid benammen út de tsierderijen fan Skier en Fet tusken de haadlingefamyljes Ukena en Tom Brok. Nei de Slach op de Wylde Ikkers yn 1427 waard Fokko Ukena de hearsker yn East-Fryslân. Yn 1430 waard it Frijheidsbûn fan de Sân Eastfryslannen tusken ferskate gebieten en haadlingen ûnder lieding fan de Sirksena's sletten. Yn 1464 waard Ulrik Sirksena troch de Roomsk-dútske keizer ta de grevestân ferheft en waard dus it greefskip Eastfryslân oprjochte en dy't de status fan ryksûnmidlikens krige. Syn opfolger Edzard de Grutte besocht hiel Easterlauwersk Fryslân en einlings ek it hiele Fryske gebiet ûnder syn macht te ferienjen.

Yn 1355 waard de Eastfryske haadling Edo Wiemken de Aldere de hearsker oer de goaen Östringen, Rjustringen en Wangerlân. Dat woeks út ta de Hearlikheid Jever. Dat hearlikheid kaam earst ûnder de macht fan de Sirkesena's dochs Marije fan Jever koe de troepen fan de Sirksena's ferdriuwe en hja socht help by Karel V, hartoch fan Boergonje. Yn 1575 waard it hearlikheid part fan it greefskip Aldenburch.

Troch grutte stoarmfloeden yn de fjirtjinde iuw ûntstie de Jadeboezem en waard Bûtjadingen ôfskaat fan de rest fan Rjustringen. Dêrtroch wie it foar de greve fan Aldenburch makliker en oermasterje dat gebiet dy't yn 1514 yn de Slach by Hartwarden. Yn 1517 ûnderwurp de aartsbiskop fan Bremen de Woersterfriezen yn de Slach by it Wremer Djip.

Yn 1498 koe hartoch Albrecht fan Saksen de macht yn Westerlauwersk Fryslân bemachtigje. Hy besocht Grins en de Ommelannen yn te nimmen, mar dy sochten earst help by Edzard fan Eastfryslân en letter by hartoch Karel fan Gelre, dy't se as harren lânshear erkenne moasten as betingst foar syn help. Albrecht syn soan Joaris mei it Burd koe syn macht yn it Westerlauwerske net de baas wurde. En boppedat waard it him te djoer, en dus ferkocht er syn rjochten oan Karel V fan Boergonje. Dy oermastere it gebiet yn 1523 en it hearlikheid Fryslân waard yn 1524 in feit. Yn 1536 waarden Grins en de Ommelannen troch him oermastere.

Yn 1576 sleaten Fryslân en de Ommelannen, ek wol Lyts-Fryslân neamd, harren oan by de Uny fan Utert. De stêd Grins keas de kant fan de soan fan Karel V, de Spaanske kening Filips II. Nei de Reduksje fan Grins yn 1594 waarden Stêd en Ommelannen fannijs feriene yn it goa Stêd en Lân. Fryslân en Stêd en Lân waarden gewesten fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen. De ferdieling fan it Fryske wengebiet wie tenei in feit.

Troch de ynfloed fan de Hânze, en benammen Grins, waard it Frysk stadichoan yn de Ommelannen en East-Fryslân ferfongen troch it Nederdútsk. Allinnich yn it Sealterlân bleau it Easterlauwersk Frysk bewarre.

Lettere ûntjouwings

 
It Grutfrysk Kongres yn Jever yn 1925

Yn 1744 waard Eastfryslân part fan Prusen as de provinsje Eastfryslân nei't de lêste greve, Enno fan Sirksena sûnder erfgenamten ferstoar. Yn 1795 waard de Republyk fan de Feriene Nederlannen omfoarme ta de Bataafske Republyk en waard de yndieling ek feroare. It hearlikheid Fryslân hold op te bestean. Westergoa en Eastergoa waarden mei de hearlikheid Stêd en Lân it departemint fan de Iems en Sudergoa waard part fan it departemint fan de Alde Isel. Yn 1801 waard dy yndieling weromdrtaaid doe't de Bataafske Republyk it Bataafsk Mienebest waard. Yn 1810 waard it Bataafsk Mienebest ta it Keninkryk Hollân omfoarme en waard East-Fryslân in departemint fan dat keninkryk. It Eastfryske part fan it Reiderlân waard by it departemint Grinslân foege. Yn 1811 waard it keninkryk Hollân part fan it Earste Frânske Keizerryk. Grinslân en Drinte waarden feriene ta it departemint Westeriems en East-Fryslân waard it departemint Easteriems. De grinzen fan Fryslân feroaren dêrfoaroer net. Nei de delslach fan de Frânske keizer Napoleon yn 1815 waarden Fryslân en Grinslân part fan it nije Feriene Keninkryk fan de Nederlannen. East-Fryslân waard part fan it nije keninkryk Hannover, dy't yn 1866 troch Prusen anneksearre waard.

Yn de njoggentjinde iuw ûntstie der yn de snuorje fan de Romantyk fannijs belangsteling foar de Fryske taal en kultuer. Yn 1925 waard it earste Grutfryske kongres yn Jever holden mei fertsjintwurdigers út de trije Fryslannen, Grinslân, Bûtjadingen, Jeverlân en Woersten. By it Grutfrysk Kongres yn Hüsem waard de Fryske Rie oprjochte, dy't yn 1956 fannijs yn syn hjoeddeistige foarm yn Lier oprjochte waard.

Noard-Fryslân

Fryske kolonisten setten harren yn twa weagen yn de achtste en de njoggende iuw nei wenjen oan de Noardseekust fan Súd-Jutlân. De earste weach setten harren nei wenjen op Helgolân, Söl, Feer, Oomram en it skiereilân fan Eiderstedt. De twadde weach setten harren op it klaaigebiet fan it fêstelân nei wenjen. Nei in rige stoarmfloeden lutsen guon de hegere geasten fierder it lân yn dêr't ek Denen (Juten) wennen. Yn 1180 skreau de Deenske skiedskriuwer Saxo Grammaticus oer de regio Frisia minor - lyts-Fryslân - yn Jutlân, ferwizende nei Noard-Fryslân. It gebiet stie ek wol bekend as de Bûtlannen.

De Noardfriezen hiene harren eigen rjochtsysteem, besteande út trettjin hiirden, dy't foar it earst yn de Sânhiirdewetten yn 1424 fêststeld waarden. Hja hiene dus in foarm fan seslbestjoer en koene bûten de Deenske machtsfear bliuwe. Yn 1252 fersloech in leger fan Noardfriezen de Deenske kening Abel, dy't yn dy slach omkaam. De Noardfriezen libben fan de lânbou, fiskerij en hannel, mei benammen Ingelân. Ek wûnen se sâlt út de turf wei, dy't se yn de fjirtjine en fyftjinde iuw ferhannelen. Yn de sechtjinde en santjinde iuw diene Noardfriezen wakker mei oan de walfiskfeart.

In stikmannich stoarmen, lykas de Sint-Marsellusfloed (1362) en de Burchardifloed fan 1634 feoarsaken grutte skea oand e Noardfryske kust en guon eilannen waarden fuortspield. Dat late ta it útinoar fallen fan it (Noard)-Fryske taalgebiet yn taaleilantsjes, dy't bot isolearre faninoar rekken. Ek rekken de Noardfriezen, dy't harren neat fan bûtenlânske polityk en strideraasjes oanlutsen, hieltyd mear behelle by polityk om utens. De hartoch fan Sleeswyk, dy't ek kening fan Denemark wie, luts de Noardfriezen hieltyd mear yn syn macht. De Tritichjierrige Kriich kaam yn 1627 yn Noard-Fryslân, allyk de Twadde Noardske Kriich tusken Sweden en Denemark (1657-1660) en de Grutte Noardske Kriich (1700-1721), dêr't Taning by belegere en dêrnei plondere waard.

Oant 1864 wie Noard-Fryslân part fan de Deenske hartochdom Sleeswyk, mar waard part fan Prusen nei de Twadde Dútsk-Deenske Kriich. De Sleeswyk-Holsteinkwestje late ta in dieling fan de Noardfryske befolking. Benammen nei it fêstlizzen fan de Dútsk-Deenske grins nei de Earste Wrâldkriich. In part wie foar mear autonomy ûnder Denemark en in mearderheid wie foar om by Dútslân te bliuwen. Noard-Fryslân bleau by Dútslân as part fan earst de frijsteat Prusen en nei de Twadde Wrâldkriich de bûnsteat Sleeswyk-Holstein.

Lânskip

 
In iermidsiuwske terp yn it klaaigea

It lânskip fan de Frysek gebieten komt rju meiïnoar oerien. It Fryske lânskip wudt skaaimerke troch syn Waadeilannen en Halligen oan de kustline mei de Waadsee tusken de eilannen en it fêste lân. De Waadsee leit by ebbe foar in grut partdrûch en by floed ûnder wetter. It fêste lân bestiet oan de kustline út fruchtbere klaaigrûn. Eartiids waarden yn it klaaigea terpen, keunstmjittige hichten, boud om de bewenners tsjin wetteroerlêst te beskermjen. Dy terpen mei midsiuwske romanogoatyske tsjerken en lytse bakstiennen hûzen binne tekenjend foar de Fryske lannen. Fierder it lân yn binne feangeaen, dy't yn de tiid foar de lânoanmakkerijen foar it grutste part sompich wiene. Hjir en dêr leit dêr in geastrêch tuskenyn, dêr't de bewenning op konsintrearre wie. Dy feangeaen foarmen ynearsten it grinsgebiet fan it wengebiet fan de Friezen.

Elts Frysk gebiet wurdt skaat troch ynhammen en rivieren. De wichtichsten binne it Fly, de Lauwersmar, eartiids de Lauwerssee, de Westeriems en de Doalert, de Jadeboezem, de Elbemûning en de Eidermûning.

Kultuer

Taal

Yn Fryslân wurde in hiel soad talen brûkt. Yn it Westerlauwerske part binne it Frysk en it Nederlânsk as bestjoers- en ûnderwiistalen yn gebrûk. Dêrneist wurdt yn de eardere hannelsgebieten Stedsk praat, dialekten dy't yn de 15e iuw troch keaplju ynfierd binne en in fuortsetting fan doe noch net standerdisearre Hollânske dialekten foarmje. Yn de Stellingwerven en yn Kollumerlân wurde Nedersaksyske dialekten brûkt en op it Bilt wurdt Biltsk praat, in troch it Frysk beynfloede Súdhollânsk dialekt dat de Hollânske slykwurkers meinaam hawwe.

East-Fryslân is fierhinne ûntfryske. De offisjele taal is it Dútsk en ynformeel wurdt in Nedersaksysk dialekt, it Eastfrysk Plat, praat. Justjes súdlik fan East-Fryslân, yn de gemeente Sealterlân, prate noch sa'n 1000-2500 minsken Frysk, it Sealterfrysk.

Yn Grinslân, dat histoarysk sjoen ek by East-Fryslân rekkene wurde mei, wurdt yn it Westerkertier yn in pear doarpen Frysk praat.

Yn Noard-Fryslân praat minder as 10% fan de befolking mear Frysk, it Noardfrysk. De offisjele taal is dêr Dútsk. Fierder wurdt der in soad Nedersaksysk praat en is der in offisjeel erkende Deensktalige minderheid, dy't harren taal libben hâlde troch ûnder oaren in hiel netwurk fan Deensktalige skoallen.

Op it reade rotseilân Helgolân, yn de Dútske bocht, prate noch in pear hûndert minsken in Noardfryske fariant.

Yn Dútslân binne de Friezen as ien fan de fjouwer autochtoane minderheden erkend.

Flagge

  De Wikipedy hat ek in side Ynterfryske Flagge.
 
It earste útstel fan 'e Groep fan Auwerk, út 2006, sa't dat oeral toand wurdt, mei herten ynstee fan pompeblêden en in foutyf krús (te min romte tusken de fertikale balke en de lofterrâne fan 'e flagge).
 
Ferbettere ôfbylding, mei echte pompeblêden en in ferbettere krús.

Yn 'e simmer fan 2006 kaam de Groep fan Auwerk mei in útstel foar in ynterfryske flagge dat basearre wie op 'e flaggen fan 'e Skandinavyske lannen. It ûntwerp wie makke yn gearwurking mei de Fryske Rie foar Heraldyk, en bestie út in goudgiel fjild mei in wyt lizzend krús (ek wol Skandinavysk krús neamd), dat in blauwe râne hie. De ferhâldings fan it krús en de râne binne gelyk binne oan dy op 'e flaggen fan û.m. Noarwegen en Iislân. Yn 'e binnenhoeken fan 'e fjouwer goudgiele flakken wiene fierders fjouwer reade pompeblêden tafoege, dy't mei de rûne kant nei-inoar ta stiene. Op ôfbyldings dy't men op it ynternet fine kin, hawwe de pompeblêden trouwens frjemd genôch mear de foarm fan herten (en boppedat hat op dy ôfbyldings it krús ek net persiis de ferhâldings dy't it op 'e Noarske en Iislânske flaggen hat).

De kar foar it Skandinavyske krús waard makke fanwege it feit dat de Friezen as folk op ferskate mêden besibbe binne oan 'e oare folken om 'e Noard- en Eastsee hinne, dêr't dit ûntwerp in protte foarkomt. De krúsfoarm ferwiisde, neffens de útlis dy't de Groep fan Auwerk bea, boppedat nei de iuwenâlde bân fan 'e Friezen mei it kristlik leauwe, mar koe ek as teken foar de sinne, en as sadanich dus as in heidensk symboal, opfet wurde.

De fjouwer pompeblêden, dy't nei-inoar ta wiisden as teken fan Fryske gearwurking, stiene foar alle Fryslannen: Westerlauwersk Fryslân, East-Fryslân, Noard-Fryslân en ien ekstra foar de Friezen om utens en de eardere Fryske gebieten, lykas de Grinzer Ommelannen en it Hollânske West-Fryslân.

Wat de kleuren oanbelangen, dy wiene ûntliend oan 'e ûnderskate Fryske flaggen. Sa komt it giel yn 'e foarm fan in horizontale baan foar op 'e flagge fan Noard-Fryslân, en steane op 'e flagge fan West-Fryslân en op it provinsjewapen fan Westerlauwersk Fryslân goudene liuwen. De kleur blau komt op alle Fryske flaggen foar, wylst wyt ûnderdiel útmakket fan 'e flaggen fan Westerlauwersk Fryslân, West-Fryslân, de Ommelannen en Hilgelân. It read fan 'e pompeblêden komt ek op 'e measte flaggen fan 'e Fryslannen foar.

Literatuer

  • Die Frieslande, Ynterfryske Rie, skreaun troch Thomas Steensen; mei bydragen fan Pyt Hemminga, Hajo van Lengen en Thomas Steensen
  • Städte in den Frieslanden, Fiete Pingel en Thomas Steensen, ISBN (3-88007-334-1) 978-3-88007-334-0

Sjoch ek

  Tema:Fryslân – Oersjoch fan Wikipedy siden oer de Fryslannen

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: