Abraham Maarten (Bram) Moszkowicz (Maastricht, 26 juny 1960) is in Nederlânske advocaat en telefyzjepersoanlikheid. Bram Moszkowicz is in soan fan advokaat Max Moszkowicz sr.. Moszkowicz is fan heitekant Joadsk.

Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Bram Moszkowicz, 2013
Bram en Max Moszkowicz in 1987
Kantoar 'Moszkowicz, advokaten en prokureurs' yn Amsterdam

Syn broers (David, Max Jr., en Robert) waarden ek beëdige as advokaat. Bram, syn heit en syn broers David en Max Jr. wienen oant yn 2012 meielkoar de advokatemaatskip Moszkowicz Advokaten mei kantoaren yn Maastricht en Amsterdam.[1] Bram Moszkowicz hie de lieding oer de festiging yn Amsterdam.

Ein oktober 2012 hat de Ried fan Dissipline útsprutsen dat Moszkowicz foar it libbeb skrast wurde moat fan it tablo fanwege ûnder oaren it net neikommen fan tasizzingen oan kliïnten, betelling op 'e hân en it fersomjen fan it ferlienen fan genôch rjochtsbystânit oannimmen fan. Dat betsjut dat er it amt fan advokaat nea wer útoefenje meie. Moszkowicz giet lykwols yn heger berop tsjin dy útspraak by it Hof dan Dissipline.[2] It ynstellen fan heger berop betsjut ynearsten tydlike ûntsetting út it amt.

Moszkowicz hie en hat in protte ferneamde lju ûnder syn kliïnten: de yn 2003 fermoarde Cor van Hout, de Surinaamske legerlieder Desi Bouterse, telefyzjepersoan Patty Brard, fêstgoedmagnaat Willem Endstra, topkrimineel Willem Holleeder, politikus Geert Wilders en fuotballer Robin van Persie.

  • Heuvel, J. van den. Recht in de ogen van Mr. Abraham Moszkowicz, De Haach: BZZTôH 1998, ISBN 978-9-055-01499-6
  • Abraham Moszkowicz. Liever rechtop sterven dan op je knieën leven, Amsterdam: B+L 2012, ISBN 978-9-461-56008-7

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Moszkowicz ‘verhulde omvangrijke’ belastingontduiking ‘structureel’ NRC, 5 oktober 2012
  2. 'Bram Moszkowicz uit ambt gezet', NU.nl 30 oktober 2012, rieplachte op 30 oktober 2012.