Brimley (Michigan)
Brimley is in gemeentefrij doarp (unincorporated community) yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Michigan. It leit oan 'e noardkust fan it eastlike part fan it skiereilân Opper-Michigan, en makket bestjoerlik diel út fan 'e county Chippewa en dêrbinnen fan it plattelânsdistrikt Superior Township. It doarp leit op it plak dêr't de rivier de Waiska útmûnet yn 'e Wytfiskbaai, dy't ûnderdiel útmakket fan 'e Boppemar, ien fan 'e Grutte Marren.
Brimley | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Michigan | |
County | Chippewa County | |
Township | Superior Township | |
Sifers | ||
Ynwennertal | <1.337 (2000) | |
Hichte | 247 m | |
Oar | ||
Stifting | 1887 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 46°24′19″N 84°34′20″W | |
Kaart | ||
De lizzing fan Brimley yn 'e steat Michigan.
|
Troch de autodyk M-221 wurdt Brimley ferbûn mei de autosneldyk M-28, dy't 5 km nei it suden ta rint. De postkoade fan Brimley is 49715. It doarp moat minder as 1.300 ynwenners hawwe, mei't dat neffens gegevens fan 'e Amerikaanske folkstelling fan 2010 it totale ynwennertal fan Superior Township wie, dat ek it doarp Raco omfiemet.
Brimley waard yn 1887 stifte, doe't de omkriten fan it hjoeddeistige doarp troch de blanke Amerikanen kolonisearre waarden. Yn 't earstoan hiet it, krekt as it distrikt dêr't it yn lei, Superior. Yn 1896 krige it lykwols in oare namme om betizing foar te kommen mei in plak yn Minnesota mei deselde namme, dat oan itselde spoar lei. Brimley kaam oan syn nije namme troch ferneamd te wurden nei in pleatslike postrinner.
Yn Brimley is it haadkertier fêstige fan 'e Bay Mills Yndianemienskip fan de Sault Ste. Marie Troep fan Tsjippewa, in federaal erkende Odjibwe-stamme. It doarp falt ûnder in belestingoerienkomst tusken de stamme en de steat Michigan. It Bay Mills Yndianereservaat leit justjes noardwestlik fan Brimley. Yn it doarp is fierders it Bay Mills Mienskipskolleezje fêstige, in eigen ynstelling foar leger en middelber ûnderwiis fan 'e Bay Mills Yndianemienskip, en teffens it Bay Mills Resort and Casino, it eigen hotel en kasino fan 'e stamme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |