De Brio Sylmaraton is in jierlikse sylwedstryd foar iepen sylboaten dy't organisearre wurdt troch wettersportferiening Onder Ons út (kameleondoarp)Terherne. De 25ste Brio Sylmaraton waard hâlden op sneon 12 maaie 2012. Brio wie in brêgerop om eartiids troch de brêge te wollen.

Yn 1988 waard begûn mei 30 boaten, letter groeide it út nei it maksimum fan 150 boaten. De rûte hat in lingte fan 60 km, en giet troch it súdwesten fan Fryslân. Fan de Snitser Mar oer de Goaiingarypster Puollen, Noarder Alde Wei, Langwarder Wielen, Tsjûkemar en Follegea nei Sleat. Dêrnei giet de rûte fierder yn noardlike rjochting oer de Sleattemer Mar nei Wâldsein, Oazingahuzen en Drylts. Fia de Swarte-en Wite Brekken en wer oer de Goaiingarypster Puollen, troch de Hearrensylbrêge oer de Terkaplester Puollen komme de dielnimmers wer yn Terherne. De rûte moatte binnen tolve oeren werom wêze.

It type boat is frij. Dat kin omdat de syltiden omrekkene wurde mei de ynternasjonale handikapformule: (berekkene tiid = syltiid x 100 : SW) SW, Snelheidsfaktor Wettersport, is in systeem dat it mooglik makket om in soad ferskillende types boat earlik tsjin elkoar sile te litten. It handikapsifer jout in yndikaasje fan de snelheidsferwachting fan elk skip fergelike mei in skip mei handicap 100. As in sylboat in handicap hat fan bygelyks 80, dan betsjut dat, dat fergelike mei in sifer fan 105 mar leafst 25 minuten hurder fard wurde moat yn 100 minuten. Sa wurde de tiden korrizjearre. De faktor is bepaald middels basisgegevens as gewicht, lingte wetterline en seiloerflak. Der wurdt ek rekken hâlden mei histoaryske prestaasjes, wêrby't de sifers jierliks bepaald wurde troch it KNWV.