Brulloft yn Kana
De Brulloft yn Kana is in ferhaal yn it evangeelje fan Jehannes (2:1-12) oer in brulloft yn Kana. Op de brulloft ferjochtte Jezus neffens de Bibel syn alderearste wûnder.
It wûnder
bewurkje seksjeJezus, syn mem Marije en de learlingen fan Jezus wiene útnoege op in brulloft fan in net fierder neamd pear yn it plak Kana (Galiléa). Doe't op de brulloft de wyn oprekke gyng Marije nei Jezus om dat te fertellen. Jezus andere Marije mei de wurden "Lit dat mar oan my oer frou, it is myn tiid noch net". Marije giet dan nei de betsjinning en jout harren it advys om it fierder oan Jezus oer te litten. Dan jout Jezus de betsjinning de opdracht om de grutte wetterkrûken fan it hûs, dy't neffens joadsk gebrûk foar de rituele suvering ornearre wiene, fol te jitten mei wetter. Nei't hja dat dien hiene liet Jezus wer wat út ien fan dy krûken skeppe en it priuwe troch de feestlieder. De feestlieder gyng dêrnei mei it wetter dat yn wyn feroare wie nei de breugeman en seit dan tsjin de breugeman: "Elkenien set earst de bêste wyn op en as de minsken sa fleurich binne dat hja dêr gjin erch mear yn ha de wyn fan minder goede kwaliteit, mar jo hawwe de bêste wyn oant no ta bewarre".[1]
Kana
bewurkje seksjeWêr't it bibelske Kana lei is net hielendal te sizzen. Meastentiids wurdt oannommen dat it earne yn Galiléa lein hat. Mar ek it súd-Libaneeske doarp Kana komt yn 'e beneaming foar it bibelske Kana.
Talrike argeologyske fynsten tsjûgje fan de krûken dy't yn it ferhaal neamd wurde. Fanwegen de beskreane maat fan de krûken yn it evangeelje (elk koe sa'n tachtich oant hûndert mingel yn) is it oannimlik dat it in brulloft west hat fan lju út de boppelaach fan de mienskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Hochzeit zu Kana
|