Kana, in oare talen ek wol Qana, is in Súd-Libaneesk doarp fan sa'n 10.000 ynwenners, dat op goed tsien kilometer súdeastlik fan de kuststêd Tyrus en ek sa'n tsien kilometer benoarden de Israelyske grins leit. De befolking is foar it meastepart sjiïtysk en hat in lytse kristlike minderheid.

Kana
قانا
Bestjoer
Lân Libanon
Gûvernemint Súd-Libanon
Distrikt Tyrus
Sifers
Ynwennertal ± 10.000
Hichte 300 m
Oar
Tiidsône UTC+2
Offisjele webside
[]

Neist trije plakken yn Israel, is Kana ien fan de plakken dy't oanwiisd wurde as it plak Kana yn it Nije Testamint, benammen troch Libaneeske kristenen. Kana soe ik it plak wêze kinne dêr't Jezus Kristus syn earste wûnder dwaan hawwe soe: neffens de bibel feroare Er by de Brulloft yn Kana wetter yn wyn.

It doarp waard yn 1996 (mei ek in UNIFIL-post) en 2000 troch Israelyske artillery besketten mei deade boargers fan gefolgen.



Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: