Bruno II fan Breunswyk

(Trochferwiisd fan Bruno)

Bruno II (1024-1057) wie greve fan Breunswyk, Mid-Fryslân, Iselgoa, Hunzegoa en Fivelgoa fan 1038 ôf oant syn dea. Under syn bewâld nimt de muntslach yn Fryslân grutte foarmen oan.

Midsiuwske ôfbylding fan Bruno

Bruno wie in telch út de Brunoanen-dynasty en as âldste soan de opfolger fan syn heit Liudolf. Hy makket him yn 1047 master fan it gebiet tusken Lauwers en Iems (Hunzegoa en Fivelgoa), dêr't it formele bewâld fan tawiisd wie oan aartsbiskop Adalbert fan Bremen. Bruno beskikte oer mear macht as de aartsbiskop, want it slagge de biskop net om him te ferdriuwen.[1] Yn 1057 sneuvele greve Bruno yn in treffen mei Otto fan Brandenburg en Willem fan Brandenburg, dy't der op út wienen om de jonge kening Hindrik IV te fal te bringen. Hy hie gjin bern en waard opfolge troch syn jongere broer Egbert I.

Bruno hat him yngeand mei de Fryske goaen bemuoid, benammen de hannel stie er noed foar. Dêr wie jild foar noadich en dêrom waard ûnder Bruno in mânske muntslach op gong brocht, ûnder mear yn de stêden Boalsert, Dokkum, Ljouwert en Starum.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. H. Halbertsma (2000), "Frieslands oudheid, side 148.